Boekbeskriuwing: Wat is dy drok!
Resint ferskynd
It boek Wat is die jongen druk beskriuwt in syktocht om rêst en begryp. Ynhâld: Jacob Klompstra (60) hat ADHD. Dat hat er al syn libben al, mar de diagnoaze is earst folle letter steld. Fan syn jongste jierren ôf hat er de gefolgen ûnderfûn: ‘It makket jin ôfgryslik iensum as men in apartenien is. Myn hiele libben is in syktocht om akseptaasje, in plak dêr’t ik rêst fyn en rêstich wêze kin.’
Psychiater dr. Sandra Kooij is ekspert op it mêd fan ADHD. ‘Dat mankemint hat men jins hiele libben lang. Noch gjin tsien jier lyn bestie it offisjeel net iens by folwoeksenen, en dat wylst men der fansels net op jins 18e oerhinne groeid is. Bûtendat is ADHD erflik en skaait it yn famyljes nei.’
Jacob Klompstra: ‘As ik der no op werom sjoch, wit ik dat ús heit it ek hân ha moat. En der binne mear sibben mei ADHD. Myn jeugd wie ek slim dreech, mei âlden dy’t my net begriepen en in heit dy’t sels te gaoatysk wie om myn gaos opheine te kinnen. Op skoalle koe ik min meikomme en krige ik allinne mar ûnfoldwaanden. Dat ik dysleksy en dyskalkuly haw, is ek earst letter fêststeld. ‘Mei dy wurdt it noait wat,’ seinen se. Se soenen ris sjen moatte wat ik likegoed berikt haw.’
It libben fan Jacob wurdt tekene troch útprobearjen, grinzen stellen, slim drankgebrûk en in skriklik tekoart oan tiid om alles te dwaan wat er wol. Dat hat fertrietlike ûnderfiningen ta gefolch, mar ek potsierlike sitewaasjes. Hy fertelt yn dit boek oer syn libben, syn wjerfarrens en syn syktocht om it libben. It is in ferhaal mei in trien, mar foaral mei in laits. It is in ferhaal fan immen dy’t net wist wêrom’t er altyd sa hinne-en-wer wie, dy’t muoite hie mei plannen en oprûmjen en noait stilsitte koe. It is it ferhaal fan ien dy’t in jeugd hie dy’t tekene waard fan ympulsyf gedrach, ûnbegryp en ûnfermogen om de sitewaasje te feroarjen.
Foar’t de diagnoaze steld waard, draafde Jacob allinne mar efter himsels oan. De minsken om him hinne begriepen neat fan syn fûle driuw om te wurkjen en syn net te bedimjen enerzjy. Sûnt in pear jier is Jacob oan de medisinen. Dy helpe him om syn libben in bytsje yn ‘e stokken te hâlden, dat er mear rêst fynt. Hy troude foar de twadde kear. Syn frou Linda is syn coach, se wit wêrom’t er oars as oaren is en stjoert him wat by. Se nimt him sa’t er is: in minske mei ADHD dy’t noch altyd te min tiid hat om alles te dwaan wat er wol.
It boek is ornearre foar elkenien dy’t wit wat in libben mei ADHD is of dy’t in partner of famyljelid hat mei dizze krupsje. It is it libbensferhaal fan Jacob. Hy wol der omtinken mei freegje foar minsken dy’t dat omtinken misse. Net út in psychologysk eachweid wei, net út de medyske wrâld wei, mar út de minske wei dy’t libbet mei ADHD. ‘It is myn ferhaal, myn libben, myn sykjen om rêst en teplak-wêzen.’
ISBN/EAN: 978-90-9023-396-3
NUR-koade: 130
NUR-omskriuwing: Minske en maatskippij algemien.
Oerset yn it Frysk troch: Trinus Riemersma.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje