Kuierje foar it ûnthâld

augustus 28, 2010 11:07

URBANA – Ut en troch in eintsje kuierje hâldt it brein jong. Dat sizze trije Amerikaanske ûndersikers. De psychologen Art Kramer en Michelle Voss en medikus Edward McAuley hawwe ûntdutsen dat kuierjen de struktuer fan de harsens beynfloedet. Oare foarmen fan sport dogge dat minder of hielendal net.

Gebietsjes wurde sirkwys

Der is hast gjin taak te betinken dy’t mar troch ien gebietsje yn it brein útfierd wurdt. Foar elke taal ferbine gebietsjes yn de harsens har mei oare gebietsjes. Op dy manier ûntsteane foar ferskillende taken ferskillende sirkwys yn it brein. Mei in magneetscan kin men sjen wêr’t sirkwys foarme wurde.

Better mar fit wêze

Om in taak goed út te fieren moatte de gebietsjes yn de harsens fluch ferbining mei-elkoar lizze kinne. Fierders moatte sirkwys dy’t net nedich binne yn sokke gefallen minder aktyf wurde. By sûne minsken wurket dat prima, mar by it âlder wurden wurdt soks dreger. It oan en út setten fan de sirkwys giet dat net mear sa fluch. Minsken dy’t skizofreen binne of de sykte fan Alzheimer hawwe, kinne it ek net goed.

De ûndersikers hawwe harsenscans makke fan minsken yn de leeftydsgroep tusken 59 en 80 jier. Se seagen dat minsken dy’t lichaamlik fit wienen, makliker sirkwytsjes oan- en útsetten. Dy minsken wienen ek better yn allegear taken dêr’t plenning, ûnthâld, skema’s en strategysk hanneljen foar nedich binne.

Rekke en strekke is net nuttich

Foar harren ûndersyk hawwe Kramer, Voss en McAuley harren proefpersoanen oan it wurk set. Ien groep moast trije kear yn ‘e wike in kuierke fan fjirtich minuten meitsje. De oare groep krige rek- en strekopdrachten. De kuiergroep wie in jier letter folle better yn steat om sirkwys yn ‘e harsens oan en út te setten. By de rek-en-strekgroep hienen de oefeningen gjin feroaring teweibrocht. Net ferwûnderlik is dat de kuiergroep de taken dúdlik better útfierde as de rek-en-strekkers.

In ferslach fan it ûndersyk is ferskynd yn it tydskrift Frontiers in Aging Neuroscience.

augustus 28, 2010 11:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.