127 loftballonnen

augustus 1, 2010 12:32

127LoftballonnenSafolle gienen der ôfrûne woansdei likernôch omheech by de Jouster Ballonnefeesten en dat wie in Nederlânsk rekôr. It liket in ôfgrysliken soad; gjin niget dat de organisaasje, dy’t altyd al frijwat rynsk is mei superlativen, in ‘skouspul om nea te ferjitten’ oankundige hie. Mar troch in wat stiif wyntsje waaiden de ballonnen samar fuort en seach nimmen dat grutte tal yn ien eachweiding. Sadwaande freget men jin ôf: hoefolle ballonnen passe der einliks wol net yn it swurk?

Clown

Mei it kreaze waar fan freed kamen de spesjale ballonnen goed foar it ljocht.

Sa’t al meld wie troffen de Jousters it woansdei lykwols noch, want tongersdei wie it waar in stik minder en farden der troch de te hurde wyn mar in stikmannich ballonnen, wylst de ballonfarderij sneon troch it strieminne waar – oanhâldende storein en rein – hielendal oergie. Mar freed wie it merakels moai waar en it is winlik spitich dat it doe net nochris besocht waard mei alle ballonnen.

doedelsekspiler

Yn de lillepypkerballon siet freed echt ien te bongespyljen.

Wiidweidige ynformaasje oer it ferrin fan de Ballonnefeesten mei prachtige foto’s en de meast aktuele stân fan saken – foar de lêste jûn sjocht it der op dit stuit goed út – binne te finen op: skarsterlannieuws.nl.

augustus 1, 2010 12:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Koos Tiemersma augustus 2, 10:34

    Spitich dat dy loftballonnen de lucht net yn kinne troch it minne waar. En mei in luchtballon de loft yn wol dan fansels ek net….

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.