Trije graden

july 27, 2010 20:28

Oanlieding foar Mark Lynas it boek ‘Seis graden’ te skriuwen, wie in artikel yn Nature fan novimber 2000 mei foarsizzings oer ûntheisterjende gefolgen fan klimaatferoaring op it Amazônegebiet. Net iens sa lyk om de ynhâld, mar mear om reden fan it suver folslein útbliuwen fan in reaksje yn ’e media en politike rûnten. Tsien jier letter is der net safolle feroare: der wurdt wakker praat mar in ferhipt lyts bytsje dien. Wat sa njonkelytsen al oars is, mar net better, is it klimaat: út bygelyks berjochten yn It Nijs fan  18 july  en 12 febrewaris dit jier docht bliken dat wy op it heden al te krijen ha mei ien graad temperatuerstiging. Ûnderwilens besiket Natuurmonumenten him alfêst ta te rieden op it yn de foarrige ôflevering beskreaune ferfarren fan floara en fauna by twa graden ferheging. As wy net trochavesearje en de broeikasgasútstjit fan 2015 ôf ferleegje, komt der noch wer in graad by en rint it de minskheid alhiel oer de fûst, lykas bliken docht út dit besprek fan it folgjende haadstik: trije graden, oftewol yn trochsneed 2,1 – 3,0 ºC wrâldwide temperatuerferheging sûnt it pree-yndustriële tiidrek.

Mauna_Loa_Carbon_DioxideDe atmosfearyske CO2-konsintraasje yn de lêste 50 jier.

Út fynsten fan fossilen fan 3 miljoen jier tebek docht bliken dat de Noard- en Súdpoalkriten yn dat tiidrek, it Plioseen, begroeid wienen. Kompjûtersimulaasjes wize út dat de oarsaak in hegere natuerlike CO2-konsintraasje wie, fariearjend fan 360 oant 400 partsjes it miljoen gasdieltsjes (ppm), resultearjend yn in ferhege temperatuer fan omtrint 3˚ C. Op ’t heden sitte wy al wer op 387 ppm.

boskbranIn foarpriuwke fan ’e Australyske fjoerseeën.

De Yndyske Oseaan waarmet sa bot op, dat reinwolken ta in te betide útwettering komme en har wetter wer yn see stoarte yn stee fan op it toarstige lân. De Kalahary, dy’t in grut part fan súdlik Afrika beslacht, wurdt dêrtroch te droech en feroaret yn ien grutte sânferstowing. Yn Botswana, Namibië, Angola, Zimbabwe en Zambia sille ikkerkes, dêr’t op ’t heden miljoenen húshâldings fan ite, ûnderstowe. Droechte en hjitte soargje derfoar dat yn Australië it oantal boskbrannen fiks tanimt. Yn kombinaasje mei wetterkrapte sil it libben op dat kontinint hieltyd swierder wêze. Itselde jildt foar Midden-Amearika en dat betsjut in werhelling fan de skiednis: de dochs heech ûntwikkele Maya-beskaving is dêr om it jier 900 hinne teloargien yn in te lange rite fan droechte.

PalenqueRuïnes fan de ferneamde Mayastêd Palenque. De Maya’s skreaunen boeken, yrrigearren lânbougrûn en hienen wetterfoarrieden foar 18 moannen. Mar dat wie net foldwaande om harren beskaving te rêden.

Yndia kriget syn wetter fan moessons, dy’t ûnsteane trochdat waarme lucht boppe lân opstiicht, dêr’t  dampe seelucht troch oanlutsen wurdt. Dat proses sil yn in waarmer klimaat ek plakfine, mar wol folle ritiger wurde. Soks is fansels lestich genôch foar de lânbou dêre, mar moat net lykje nei de effekten yn buorlân Pakistan. Dat lân moat it foar syn wetterfoarsjenning fan de rivier de Yndus hawwe, dy’t fieden wurdt troch snie en gletsjers yn de Himalaya. Dy wetterfracht nimt earst ta – hoefolle is ôfhinklik fan hoe hurd oft it opwaarmjen trochset – en dêrnei bot ôf, as de yn it iis yn de bergen opsleine wetterfoarried alhiel fuortteit. Wylst Yndia problemen kriget mei de enerzjyfoarsjenning trochdat de wetterkrêftsintrales yn de Ganges, dy’t ek 70 % fan syn wetter út ranende gletsjers hellet, stûkje, droeget de Yndus folslein op en binne de gefolgen foar Pakistan katastrofaal. Ek yn grutte parten fan Sina foarmje gletsjers, dy’t de Mekong, de Yangtze en de Giele Rivier fan wetter foarsjogge, de foarnaamste wetterboarne foar in grut part fan de befolking. It sil der feitliks op del komme dat foar it earst yn ’e skiednis suver in hiele gurdle fan breedtegraden troch it minskdom ferlitten wurde moat. Tsientallen miljoenen klimaatflechtlings tsjogge nei de Feriene Steaten en Europa dêr’t nije faksistyske partijen besykje sille de ferhûneloartsjende kloften bûten de doar te hâlden. Mei de Sahara sil dat yn alle gefallen net slagje: dy stekt yn de 3-gradewrâld de Middellânske See oer.

StormvloedkeringDe stoarmfloedkearing yn de Oosterschelde sil net genôch fertuten dwaan yn de 3-gradewrâld. Faaks is it ûntwerp noch wat foar New York, dat ek yn de knipe komt troch it tinende wetter. Der wurdt dêr al wakker prakkesearre oer wetterkearings.

De midden en it westen fan Europa sille te lijen krije fan folle ûnbestindiger waar mei fûleindiger buien, mar ek mei tige droege riten. Swiere stoarmen lykas dy dy’t yn de nacht fan 1 op 2 febrewaris 1953 in grut part fan Súdwest-Nederlân ûnder wetter sette – en ek yn Grut-Brittanje 300 slachtoffers makke – sille net mear ien kear yn de 120 jier, lykas yn dy tiid, foarkomme mar om de pear jier en yn kustgebieten geregeldwei foar grutte swierrichheden soargje. Yn kombinaasje mei de hieltyd heger wurdende seespegel, om’t  fansels it fuortteien fan de iiskapen trochgiet, en omdat der yn totaal ek mear reinwetter falt, dat wer mei de rivieren nei deselde lege kustgebieten streamt, hâlde wy it hjir lang om let net droech.

ZwinLynas komt ta de konklúzje dat Nederlân yn de 3-gradewrâld in part fan syn hjoeddeistige grûngebiet oerjaan moatte sil, dêr’t de see dan wer frij spul hat (lykas hjirre yn it Swin).

Troch in hegere temperatuer en feroarjende luchtstreamingen, mei dêrtroch folle minder delslach, ferskrokket it Amazônegebiet. Beammen en planten ferwylje en baktearjes brekke de organyske stof hurder ôf as dat se foarme wurdt. Wat der op it lêst noch oan fegetaasje oer is, fljocht yn ’e brân. It wâld yn dy krite hat gjin ferwar tsjin it fjoer. Fangefolgen wurdt it útsûnderlik rike, biologyske ferskaat folslein wei en bliuwt by einbeslút in woastyn oer. Net allinnich it libbene, organyske materiaal giet de loft yn, ek útdroegjend fean yn Yndonesië en Maleisië giet mei. De foarried koalstof dy’t yn dy foarm opslein is, wurdt rûsd op sa’n 1600 miljard ton – mear as it dûbele fan wat de atmosfear op ’t heden befettet. Troch de ûnbidige mannichten nije koalstof dy’t yn de atmosfear bedarret, rint de CO2-konsintraasje yn de lucht op mei 250 ppm. Dêrmei wurdt in helsk weromkeppelingmeganisme yn it wurk set, omdat mear CO2  ta wer hegere temperatueren laat en dy wer ta noch mear CO2 , ensafuorthinne. Sadwaande bedarret it minskdom nei alle gedachten automatysk yn it folgjende bedriuw fan it klimaatdrama, dat Lynas yn syn boek beskriuwt en wy oare kear besprekke: in temperatuerferheging fan fjouwer graden.

AmazoneIt is hast net foar te stellen, mar yn de 3-gradewrâld komt it Amazônegebiet (boppe) der sa by te lizzen as de Sahara (ûnder) no.Sahara

july 27, 2010 20:28
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin augustus 3, 22:26

    De temperatuerstiging is neffens dyn eardere artikel fan ”Twa graden’ (https://www.itnijs.frl/2010/06/twa-graden/?mc=3 ) al folle earder begûn. De tindins wie der dus al, allinnich de lêste jierren giet de temperatuer wat hurder omheech.

    Wy minsken kinne al in protte en ik tink dat wy noch wol wat mear kinne. Sa’n beamgurdle yn de Sahara jout hope. http://nos.nl/artikel/165458-groene-muur-moet-sahara-stoppen.html

    Ik fyn jim stikjes oer klimaatferoaring tige nijsgjirrich, mar kinst der net echt fleurich fan wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.