Sukses Wâldgieltsjes neifolging

july 30, 2010 10:57

It Hearrenfean — Juster kamen de earste Wâldgieltsjes fan dit jier oan yn ‘e supermerk. In âld ras, boud yn ‘e Wâlden, en yn trek by de âlderein en bewuste ‘slowfood’konsuminten’. De Wâldgieltsjes hawwe sukses troch streekmerk Wâldpyk.

Achttûzen kilo Wâldgieltsjes kaam der ferline jier fan it lân fan bouboer Jacob Wilman út Ingwierrum. Dit jier sil dat wakker lyk wêze neffens gruthannel Greydanus en Brouwer út It Hearrenfean. It Wâldgieltsje is ien fan ‘e gewaaksen dy’t promoat wurde troch de Stifting Wâldfrucht.

Giele Wâldbeantsjes binne tige oanskreaun, mar Kollumer Pronkbeannen en Kollumer Swiete Earten binne ek net dreech te bouwen. De bekendheid dêrmei en lyksa de fraach dêrnei, lizze lykwols ûnder it nivo fan ‘e Gieltsjes. Dat jildt net foar de Wichter, de Fryske wâldprom. De wyn, sjerp en sjem dy’t hjirfan makke wurde, is in soad fraach nei, mar de rispinge is hyn noch te nei net tarikkend.

Neffens Jan de Boer, fruchtsaakkundige fan Stifting Wâldfrucht, leit dat oan it feit, dat de lju der gjin weet mear fan ha. “In protte fan dy struken binne fuort, inkelde steane gewoanwei ferstoppe yn ‘e beamwâl. Mar it giet dan hieltyd om ien of inkelde eksimplaren, faak by hobbyboeren op it hiem. De eigeners krije in fergoeding de kilo as hja de fruchten op in sintraal ynsammelplak oanbiede. En berik al dy minsken mar ris, los fan it feit dat guon minsken net iens witte, dat se sa’n beamke hawwe”.

Dat leit hiel oars by de Wâldgieltsjes en de Giele Wâldbeantsjes. “Dy setst út, sieddest en rispest en sa gau’t de ferkeap begjint te rinnen, pakt it bedriuwslibben it op. Sa moat it ek, want dy âlde gewaaksen fertsjinje it om werom te kommen”.

By de wichter hawwe wy tsien jier geduld nedich, ear’t it him werom fertsjinnet. In soarchkwekerij yn Broeksterwâld en in minykemping yn Eastermar doarden de ynvestearring oan. De Boer: “Asto wier wat wolst, kin de wichter bêst kommersjeel boud wurde. It moaiste is in kombinaasje fan lytsere stikken bougrûn mei in grientetún of  wyngerd. Dêrtuskenyn ekstra sleatten foar de ôfwettering en dêrneist in wynkear fan wichters mei wylde toarnbeien derûnder. Dan hast it hiele seizoen fruchten by it soad”.

Tagelyk nimt it mark Wâldpyk hichte fan ‘e folgjende útdagings. Yn in fernijend projekt yn gearwurking mei it AOC, Fryslân Kolleezje, Van Hall Ynstitút en stifting VEA ( Foarljochting Edukaasje Amateurtúnkers) wurdt de besteande kennis sammele en trochjûn, mar wurdt ek besjoen hoe’t de âlde rassen noch better boud en noch smaakliker oanbean wurde kinne. Mar De Boer tinkt ek rommer, oan it brûken fan bygelyks beamwâlen fan de eigen streek. “It is moai dat elzesingels tsjinje ta biomassa, mar is it net moaier om boppe-oan it keatling te begjinnen? Om lânseigen hout te brûken foar duorsume meubels, dy’t hjir yn ‘e omkriten makke wurde? Of om streekeigen krûden en beamblêd ta te foegjen oan it foer fan ús melkkij, foar dy har sûnens en it ferbetterjen fan ‘e molkekwaliteit? Asto alles keppelst, stipest net allinne de streekeigen gewaaksen, mar ek de ekonomy fan de eigen krite. Dat is wêr’t wy wier hinne wolle”.

july 30, 2010 10:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.