Ljeppen yn Utert

july 25, 2010 19:05

Yn it sintrum fan Utert hat sneon in grutte fierljepwedstriid west. De fierljepwedstriid yn Utert hat likernôch 13.000 taskôgers lutsen. Dat is in stik mear as yn Fryslân. It barren waard juster sels útstjoerd op RTL 7 en dat wol in oere lang.

Der waard yn Utert wol mei oare mjitten ljept. Sa wie de pols 14 meter, wylst dy oars op syn meast 13 meter 25 lang wêze mei. It wetter wie ek djipper: trije meter yn stee fan twa. De skâns wie ek heger as oars en dy kombinaasje soarge foar in soad persoanlike rekôrs.

Thewis Hobma wûn de wedstriid mei 20.72. Jaco de Groot út Hollan is twadde wurden.

july 25, 2010 19:05
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Nynke july 25, 20:09

    Was het nou in Leeuwarden of in Utrecht?

  2. Redaksje july 26, 09:31

    @Nynke. Tige tank. Stom earst Ljouwert en dernei Utert, mar it wie Utert. Sorry

  3. een kritische lezer augustus 20, 03:03

    Mensen, ik ben erg goed bekend met deze sport.
    Mooi dat er wat over geschreven wordt.
    Maar: schrijf dan wel de namen goed… Thewus?
    En RTL5 moet RTL7 zijn.

    Niet om te zeuren, maar puur even wat feitelijke onjuistheden aangeven…

  4. Redaksje augustus 20, 07:41

    Tige tank foar jo opmerkings

  5. Erwin augustus 20, 09:30

    @Redaksje. Hoe kin ik in foto by myn namme krije (kin ik ek in profyl krije?)?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.