Kij sljocht op Shakespeare

july 5, 2010 11:00

MAIDSTONE – Fryske kij wurde fleurich fan Shakespeare. Dat hat it Ingelske toanielselskip The Changeling Theatre ûntdutsen. It selskip hat op ferskate plakken yn it greefskip Kent de klucht De fleurige froulju fan Windsor spile. Foar Fryske kij. De kobisten wienen net allinnich tige nijsgjirrich, de molkeproduksje gong ek noch mei fjouwer persint omheech.

Dat lêste woe it toanielselskip teste. De toanielspilers hienen nammentlik it idee dat in klassike klucht wolris like ûntspannend wêze koe as klassike muzyk. Yn 2001 hie út ûndersyk fan de universiteit fan Leicester bliken dien dat Fryske kij ûntspanne by klassike muzyk en der elk in foech flesfol molke deis ekstra fan jouwe. Popmuzyk hie in negative ynfloed: ‘Venus’ fan Bananarama en ‘Tigerfeet’ fan Mud makken dat de kij minder molke joegen.

july 5, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ee7 july 5, 16:06

    Fan kij soe men dochs ferwachtsje dat se “boe” rôpen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.