It Frysktalige Bûsboekje

july 26, 2010 09:29

It ienige Frysktalige bûsboekje leit wer yn ’e winkels. De edysje 2011 hat as tema ‘duorsumens’ en stiet fol mei nijsgjirrige stikjes en tips. Bygelyks in fraachpetear mei in biologyske boer en ynformaasje oer sparlampen en oer wat de provinsje Fryslân foar mear produksje fan griene enerzjy docht.

De edysje 2011 fan it bûsboekje is de lêste dy’t ûnder ferantwurdlikheid fan it Kristlik Frysk Selskip (KFS) útjûn wurdt. It KFS giet op yn in nije stifting ‘Krúspunt’. De bûsboekjeredaksje, in klup entûsjaste frijwilligers, hat op syk west nei in nije hoeder c.q. útjouwer. De Ried fan de Fryske Beweging is ree fûn om de ferantwurdlikheid oer te nimmen. No’t it lêste KFS bûsboekje der leit, wurdt dizze oergong in feit.

Al 28 jier lang is it Bûsboekje rûnbrocht troch Piet en Anneke Herrema út Sumar. Sy tôgen mei de doazen nei sa’n 80 adressen yn en sels bûten Fryslân. Ja, it Bûsboekje leit û.o. ek yn Grins en Roan (Roden) yn ’e winkels, en der komme geregeld oanfragen út it fiere bûtenlân! 

It bûsboekje is yn ’e jierren 70 ûntstien út it idee wei dat it Frysk in folweardige taal is. In bûsboekje is hiel persoanlik, it komt yn ’e rin fan it jier fol te stean mei priveesaken en kontaktgegevens fan freonen. In Frysktalich bûsboekje is noflik en hiel gewoan. Dêrom is de redaksje bliid dat de Ried fan de Fryske Beweging it Bûsboekje op ’e noed nimme wol, sadat it bestean bliuwe kin.

Bûsboekjes binne te krijen yn de Fryske boekhannels of kinne besteld wurde by Anneke Herrema-Joustra, Lânsbuorren 5, 9262 VA Sumar. Till.: 0511-461358 of aherrema@wanadoo.nl

july 26, 2010 09:29
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Erwin july 26, 12:04

    Prachtich nijs!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.