Heimenissen fan Huis ten Bosch

july 25, 2010 19:39

Der kaam de lêste dagen aardich dalje op it beslút fan de keninginne om, yn plak fan it inisjatyf no dochs einliks ris by Mark Rutte – de winner fan de ferkiezings himsels – del te lizzen, Ruud Lubbers as nije ynformateur oan te wizen. Mei de beneaming fan dy fertrouweling, dêr’t fan bekend is dat er net safolle mei it tinkguod fan de PVV hat, soe se tefolle stjoere en besykje foar te kommen dat se aanst mei Wilders it bordes op moat. Der waard wakker rabbe dat soks te krijen hat mei de oansteande oerdracht fan de troan oan har soan, dêr’t se in stabyl kabinet foar nedich achtet, sûnder lijen mei troch de ljochthierrige Limburger misledige folken en regearders dy’t harren útnoegings foar de seremoanje weromstjoere.

Huis ten BoschSoe ús majesteit wier sa egosintrysk redenearje? Dat kin fansels, soks is troch in sljochtweihinne ûnderdien net sa maklik te beoardieljen. Mar soe it faaks ek mooglik wêze kinne dat de keninklike frouwe oprjocht begien is mei it lân dêr’t se de skepter oer swaait? Dat se, net behindere troch in spesifike efterban, justjes fierder sjocht as de aldendeiske polityk, en – midden yn in ekonomyske krisis fan komsa – obstrewearret dat troch de hurd yn oantal en wolfeart tanimmende wrâldbefolking noch tal fan ynelkoar gripende krisissen mei gong op kommendewei binne?

Dat der keninklike soargen binne oer brekme oan grûnstoffen, enerzjyboarnen en iten, tanimmende miljeufersmoarging, ôfnimmend biologysk ferskaat, en – benammen wichtich foar in folkje dat ûnder seewetternivo húsmannet – it opwaarmjende klimaat? Allegearre swierrichheden dêr’t it hjoeddeistige ekonomyske systeem net goed mei oerwei kin mar dy’t, sa kin in ferstannich steatshaad fan tinken wol ha, harren wjerslach dêr wol op ha sille. En fierders ek op de wize fan libjen en miskien úteinlik wol it fuortbestean fan har ûnderdienen. In royaal mei wiisheid bejeftige foarstinne sil by sokke driuwende problemen net wiis wêze mei it fallen fan in kabinet oer in kwestje yn ‘Verweggistan’ dêr’t men dêrnei nea mear wat oer heart en noch minder mei in slakkerige kabinetsformaasje dy’t stroffelet oer lúkseprobleemkes lykas it ôflûken fan hypteekrinte en in heffinkje mear of minder.

Gjin niget dat dyjinge dy’t piketpeallen om soksoarte ûnderwerpen hinne slacht foarearst noch net it inisjatyf kriget, mar dat dat jûn wurdt oan ien dy’t – behalve dat er krekt as syn foargonger by de foarrige formaasje Wijffels bekend stiet om syn fisy op in duorsume maatskippij – suver altyd in kompromis fynt. In man dy’t it yn syn tiid prestearre en bring foar- en tsjinstanners fan it pleatsen fan krúsraketten byelkoar troch te besluten dy kearnwapens wol mar tagelyk ek wer net te pleatsen.

Dy man hat it no al wer foarelkoar en bring in petear op gong tusken de partij dêr’t ersels twifels by hat (krekt as syn CDA, mar ek it bedriuwslibben en feitliks fierwei it grutste part fan de Nederlanners) en de fêste polityk troch sa’n oerlis op heech nivo simpelwei dochs as ‘ynformeel’ te betiteljen (dêrom sûnder himsels en sadwaande kin er – hy sei al in pear kear dat er wurch wie – ek moai efkes lins nimme). Dat, it liket der fuortendaliks al op dat Beatrix in goeie kar dien hat. Of achtsje we de hearskeresse no te heech en fynt se it gewoan wol gesellich as Lubbers, dêr’t fan bekend is dat der in soad frouljusfleis oan sit, ris wat faker by har op ’e tee komt?

Nanne

july 25, 2010 19:39
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nynke july 25, 20:11

    Beatrix boppe, Wilders yn de groppe! 😉

  2. Jabik july 26, 11:03

    It sil foar mannen fan it statuer fan Wijffels en Lubbers net tafalle om mei de trêdehânsk politisy fan hjoed-de-dei in kabinet ynelkoar te timmerjen mei in keffend hûntsje út it “brons groen eikenhout” oan de sydline.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.