Fryske wrâldmuzyk yn Sweden

july 23, 2010 15:51

De lanlike Sweedske radiostjoerder P2 stjoert op sneintejûn 25 july om 19.00 oere jûns in radioprogramma fan in oere oer en mei Fryske muzyk út ûnder de titel Frisisk världsmusik (Fryske wrâldmuzyk). De programmamakkers Petra Quiding en Helena Lopac sochten foar harren programma Fryske muzikanten as Eddy Dykstra, Nynke Laverman en Piter Wilkens op en praten ek mei muzykkenners as Beart Oosterhaven en Jan Ottevanger.

It foel harren dêrby op dat Friezen harren gauris ynspirearje litte troch muzyk fan oare plakken. Foarbylden hjirfan binne Piter Wilkens, foar wa’t de Sweedske Nederlanner Cornelis Vreeswijk in rike boarne fan ynspiraasje is en Nynke Laverman, dy’t har ynspiraasje út plakken as Portugal en Mongolië helle. Fansels is fan de neamde artysten ek in soad muzyk te hearren yn it programma, dat fierder ek in soad ynformaasje jout oer Fryslân en it Frysk. It falt Quiding dêrby op dat it Frysk bytiden frijwat fan it Sweedsk hat.

It programma oer Fryslân is ûnderdiel fan in rige programma’s oer muzyk yn Europeeske minderheidstalen, dat útstjoerd wurdt ûnder de titel Musihkka, om stor musik på små språk. (Musihkka, oer grutte muzyk yn lytse talen.) Nei oanlieding fan de lêste edysje fan Liet Ynternasjonaal yn Ljouwert hawwe Quiding en Lopac de ôfrûne moannen alle dielnimmers opsocht yn harren thúslân, fan Asturias yn Spanje oant Karelië yn de Russyske federaasje.

 In muzikaal portret fan Fryslân, it berteplak fan Liet Ynternasjonaal, koe yn dy searje net ûntbrekke. It programma Frisisk världsmusik is diel 6 yn in searje fan tsien. Op 1 augustus giet de reis fan de Sweedske radiomakkers fierder yn Noard-Dútslân, dêr’t se harren ferdjipje yn de muzyk yn it plat-Dútsk.

Musihkka besoarget de harkers eksklusive optredens fan talintearre muzikanten. Guon fan harren spilen yn eigen keuken foar Musihkka, mar it programma seach ek by gruttere optredens, lykas in optreden fan de fjouwer Fryske trûbadoers op It Hearrenfean. It idee fan it programma is om de harker út te daagjen om mear út te finen oer de minderheidstalen en de muzyk yn dy talen.

It radioprogramma wurdt dêrby stipe troch in wiidweidige website, mei ferskate ekstra’s lykas in radiodeiboek, in rûtekaart en in soad foto’s. It seit himsels dat it programma ek op ynternet beharke wurde kin, streaming likegoed as achterôf. By de produksje fan de radioprogramma’s binne Petra Quiding en Helena Lopac stipe troch Stichting Liet International yn Ljouwert.

Sjoch foar mear ynformaasje op de website fan Musihkka: http://sverigesradio.se/p2/musihkka

Sjoch ek op http://www.liet.nl

july 23, 2010 15:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.