Fryske taal yn Dútske grûnwet

july 30, 2010 15:49
Berlyn – De fraksje fan de progressive partij Die Linke yn de Dútske Bûnsdei wol dat it Frysk in offisjele status kriget yn de grûnwet fan Dútslân. Dat hat de partij woansdei 28 july yn in ferklearring witte litten.
Dêrmei reagearret Die Linke op Bûnsdeifoarsitter Norbert Lammert, dy’t de Dútske taal ûnder de titel ‘liedende kultuer’ beskerming jaan wol troch dy taal op te nimmen yn de grûnwet. Die Linke reagearret kritysk en wol net, dat allinnich it Dútsk as steatstaal erkend wurdt.  

Neffens Die Linke moat dizze status dan ek foar it Frysk en de trije oare minderheidstalen yn Dútslân jilde: Deensk, Roma en Sorbysk. De lêstneamde taal wurdt troch Slavyske ynwenners yn parten fan de eardere DDR brûkt.

Neffens rûzingen prate yn Dútslân 12.000 minsken Frysk, foar it grutste part yn Nedersaksen en Sleeswyk-Holstein. De measten dêrfan (10.000) wenje yn Noard-Fryslân tusken Hamburg und Denemarken yn. Yn Sealterlân en omkriten wurdt it Sealterfrysk brûkt, troch om-ende-by 2.000 minsken. Ek yn Nederlân is diskusje oer it opnimmen fan de Fryske taal yn ‘e grûnwet. De measte partijen yn ‘e Twadde Keamer wolle hawwe, dat it Frysk opnommen wurdt as it Nederlânsk ek fêstlein wurdt.

 

july 30, 2010 15:49
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin july 30, 21:04

    Fansels moat de Fryske taal, en yn Dútslân de oare mindersheidstalen ek, yn ‘e grûnwet. Fansels skande dat it Frysk noch gjin Europeeske taal is. Aansen ha wy Yslân yn de EU, dan ha wy alwer in lytsere taal as de Fryske dy’t wierskynlik de status fan offisjele wurktaal fan de EU krijt. Frysk yn ‘e grûnwet, no daliks!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.