Froulju it kreast op 31ste

july 22, 2010 10:43

Op ferskate mêden binne tritigers bang fan jongere froulju, mar dat liket hielendal net nedich te wêzen. Ut ûndersyk fan de Britske televyzjestjoerder QVC hat bliken dien dat froulju op har 31ste it hichtepunt yn skientme berikke. Fral it selsfertrouwen is tige wichtich op it mêd fan skientme. Foar it ûndersyk ûnderfrege QVC twatûzen manlju en froulju.

De ûnderfrege minsken joegen oan dat ferneamde tritigers der better útsjogge as harren jongere kollega’s. Sa fine de dielnimmers de BBC-presentator Christine Bleakley kreazer as de 18-jierrige Miley Cyrus.   

Selsfersekere
Yn de fragelist jout twatredde fan de ûnderfrege minsken oan dat skientme mei de jierren komt. Mear as de helte fan de froulju waard mei de jierren wisser fan harsels.

Ferwachtings
Sue Leeson (QVC) seit dat de útkomst fan it ûndersyk de ferwachtings befêstiget. ‘Wiere skientme giet om mear as in kreas uterlik. It is in kombinaasje tusken de persoanlikheid, styl en it selsfertrouwen.’

(QVC hat fansels syn klanten yn dy doelgroep. Sadwaande is dit gjin objektyf ûndersyk.)

july 22, 2010 10:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.