Doutzen Kroes sil trouwe

july 16, 2010 11:32

Der brekke moaie tiden oan foar topmodel Doutzen Kroes: net allinnich wurdt se meikoarten mem, ek stapt se fluch yn it houliksboatsje.

Sunnery gie jannewaris foar har op de knibbels, se sille noch dit jier boaskje. Doutzen fertelt oan de New York Post: “We sille echt in húshâldinkje foarmje. Dit binne spannende tiden foar ús.”

It supermodel makket har gjin soargen oer har fierdere karriêre as model en mem. “Myn Victoria Secret-kollega’s Adriana Lima en Heidi Klum krigen ek bern en dy binne noch altiten de gesichten fan it merk.”

Doutzen makke juster wrâldkundich dat se trije moanne swier is. “Sunnery en ik binne yn de wolken. De earste kritike trije moanne binne goed ferrûn. Ik fiel my goed. Myn freonen en famylje sizze dat ik strielje.”

july 16, 2010 11:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.