Chris van Hes leit út

july 3, 2010 19:16

Ferklearring fan ôfstân.    (sjoch ek dit berjocht)

Op woansdei 30 juny haw ik, foar it each fan de boargemaster, offisjeel en formeel in fersyk dien om ôfstân te dwaan fan myn Nederlânske nasjonaliteit en dêrfoar yn it plak de Fryske oan te nimmen. Dit as Nederlânsk steatsboarger. De boargemaster hat dat fersyk ôfwiisd, om’t er him oan de wet hâlde moat. Dêrom bliuwt it sa’t it is. Yn dit stik lis ik út wat de ferklearring ynhâldt, wat de konsekwinsjes binne en wat myn motyf is.

Yn ‘e âldens fan 14/15 jier begûn ik nijsgjirrich te wurden. Ik bin Fries en ik praat Frysk, mar is der mear? Dêrom haw ik op ynternet omnoaske. De Fryske skiednis kaam oan bar, de taal en fansels de emansipaasje fan it Frysk. Doe kaam ik út op in side (www.grutskopfryslan.eu) en dêr fûn ik in hiel nijsgjirrich stik. “Dossier Identiteit”. Hjiryn waard de Ferklearring fan Ofstân útlein. Dat spriek my oan en hat my oan it tinken set. Dêrom haw ik kontakt socht en is de proseduere? (is dêr ek in oar moai wurd foar: kin ik sa gau net betinke) start. Doe’t ik 18 jier waard, haw ik in brief nei de boargemaster stjoerd, mei dêryn de Ferklearring, myn motyf en in fersyk ta in petear. De boargemaster hat letter mei my kontakt opnaam en sadwaande koe ik 30 juny foar de boargemaster ferskine.

Der is earder besocht om, fia de Ferklearring fan Ofstân, ôfstân te dwaan fan de Nederlânske nasjonaliteit en in Fryske oan te nimmen. In 1951 hat Doekele Brouwer in rjochtsaak wûn, wêrtroch’t er by de Keamer fan Keaphannel erkend wurde MOAST as “nationaliteit: Friesch, (Nederlands staatburger)”. Okkerdeis hat Sjoerd Groenhof en ek Wolter Jetten it besocht, mar sûnder resultaat. Wol is Sjoerd noch nei De Haach ta stapt, mar dat hat neat opsmiten.

Der is in ûnderskied tusken steatsboargerskip en nasjonaliteit. It steatsboargerskip stiet boppe de nasjonaliteit. Ik bin ynwenner fan it Keninkryk fan de Nederlannen en sadwaande bin ik Nederlânsk steatsboarger. Dat wol ik ek behâlde. Yn it steatsboargerskip binne de rjochten en de plichten fan de ynwenner fêstlein.
Nasjonaliteit betsjut de relaasje tusken in yndividu en in steat, kultuer of loyaliteit. Nasjonaliteit hat in twaliddige betsjutting:
1. It besit fan it steatsboargerskip fan 1 of mear lannen.
2. Op grûn fan komôf of ôfstamming behearrend ta in beskate etnisiteit en/of naasje. Nasjonaliteit stiet dêr los fan it steatsboargerskip.

Foar my is nûmer 2 fan tapassing yn Fryslân. Om’t ik út Fryske âlden, dêr’t de woartels fier fan tebekgeane, op Fryske grûn berne bin.

Yn Europa en Nederlân hawwe 10 jier lang amtners oan it stinnen west op in prachtich ferdrach. Dat ferdrach is ek ratifisearre troch de Nederlânske steat (offisjeel makke). Dêrmei seit Nederlân dat it him hâlde sil oan de ôfspraken dy’t dêryn steane. Dy ôfspraken binne ûnder oare: beskerming fan it Frysk, it stimulearjen fan it Frysk, regels oangeande it brûken fan it Frysk yn rjochtsealen, Frysk yn it ûnderwiis ensfh. No binne op it stuit dy ôfspraken noch net yn wetten en offisjele dokuminten fêstlein (útsûndering dêr litten; lykas it ferdrach sels, de wet OKE ensfh.) Dêrom is it ferdrach net sichtber en kin it net brûkt wurde.

Yn de Ferklearring stiet dat ik op basis fan in seistal arguminten ôfstân dwaan wol fan myn Nederlânske nasjonaliteit en in Fryskenien oannimme wol. Dit as Nederlânsk steatsboarger. De boargemaster hat it fersyk ôfwiisd, om’t it ferdrach net sichtber is en sadwaande ek net yn de wet stiet.
It ôflizzen fan de Ferklearring hat foar my op dit stuit gjin inkelde konsekwinsje. Ik bin en bliuw Nederlânsk steatsboarger mei in Nederlânske nasjonaliteit, dêr’t dus de rjochten & de plichten byhearre. (Ommers; ik haw it steatsboargerskip noch hieltyd.)

No is it wachtsjen op in skriftlik andert fan de boargemaster. Dêr kin ik mei nei De Haach, mar ek “Europa yn”. Ik sil alle middels brûke om myn doel te berikken, dus as ik nei it Europeesk Hof ta moat, dan gean ik dêr hinne.

Lit my, by einbeslút, noch efkes wat dúdlik meitsje: ik wol gjinien de Fryske nasjonaliteit oplizze. Minsken dy’t hjir berne wurde, moatte as 16- of 18-jierrige, of wannear’t har ID-kaart ferrûn is, sels beslisse kinne watfoar nasjonaliteit se hawwe wolle: de Fryske of de Nederlânske. Ek foar minsken dy’t ferhûzje nei Fryslân moat de kar iepen wêze. Nederlânsk of Frysk.

Foar my is de kar dúdlik: Frysk!

Der stiet in loyaliteitspetysje online, dêr’t tekene wurde kin ast loyaal bist oan dit ferhaal (mei oare wurden; atst dizze aksje stipest) www.grutskopfryslan.eu

Chris van Hes

july 3, 2010 19:16
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. Lútsen july 2, 19:50

    Dizze man hat kloaten.

  2. Nynke july 2, 21:15

    http://www.grutskopfryslan.eu
    Als ik dat doe, krijg ik account suspended.

  3. Kees Veenstra july 2, 23:45

    Neffens ûndersteand stik docht bliken dat de site http://www.grutskopfryslan.eu gehackt is. Binne der dochs guon minsken dy’t eltse Friese emansipaasje tsjin hâlde wolle.

    Achttienjarige wil Friese nationaliteit

    SINT JOHANNESGA – De achttienjarige Chris van Hes uit Sint Johannesga vraagt de Friese
    nationaliteit aan. Morgen gaat hij op bezoek bij burgemeester Bert Kuiper van Skarsterlân. Die voelt wel voor een debat over deze kwestie. ,,Ik doch ôfstân fan de Nederlânske nasjonaliteit’’, zegt
    Van Hes. Officieel kan hij die nationaliteit niet kwijtraken, maar hij kan wel verklaren dat hij ervan af wil. De Friese nationaliteit krijgen kan vooralsnog evenmin, weet hij. Met zijn actie wil Van Hes de overheid aanzetten tot wetwijziging. De wet laat voor Friezen geen dubbele nationaliteit toe, zegt Kuiper, die dit heeft nagevraagd bij de burgerlijke stand in zijn gemeente. Andere groepen in Nederland, afkomstig uit het buitenland, kunnen die status wel hebben. Van Hes is, voor zover bekend, de vierde Fries die een officiële aanvraag doet. Doekele Brouwer uit Sint Jacobiparochie
    was in 1951 de eerste. Een paar jaar geleden startte Sjoerd Groenhof uit Harkema een actie. Na hem
    volgdeWolter Jetten uit Leeuwarden. Europa erkent de Friezen als een minderheid. Dat kan niet zonder nationaliteit, vindt Groenhof, FNP-fractieleider in Achtkarspelen. Net als Jetten ving hij in zijn eigen gemeente bot. Via de rechter wil Groenhof zijn zaak afdwingen, maar als individu is hij naar eigen zeggen niet ontvankelijk om zich op een Europees verdrag te beroepen. Als hij duizend
    steunbetuigingen heeft, start hij die zaak alsnog, maar dan namens een groep. Op zijn site grutskopfryslan. eu lanceerde hij in 2007 een handtekeningenactie. Er zijn inmiddels zo’n zeshonderd
    adhesiebetuigingen. De site is recent gehackt, aan herstel wordt gewerkt. Burgemeester Kuiper ziet
    graag een landelijke discussie ontstaan.Wat hem betreft komt die Friese nationaliteit er.Tot die er is, moet en zal hij Van Hes teleurstellen.

    Bron :LC

  4. Erwin july 3, 12:02

    Respekt!

  5. Sjoerd Groenhof july 5, 00:56

    DE SIDE IS WER ONLINE MINSKEN.

    @HOI

    gjin prut sizze kinne, betsjut ………………………………………

  6. Daan maaie 19, 23:13

    Bin benijd.. wol ik ek wol 🙂 hoewol’t ik yn Grins wenje

  7. Ferjo maaie 20, 12:43

    @Daan: dat soe niks útmeitsje moatte, at je je Frysk fiele en Frysk binne wat net ûnwierskynlik is, en at je de taal en kultuer kinne. Soene je wêr’t je ek yn Nederlân, Dútslân, en Helgolân wenje in Frysk papiertsje krije kinne.

    Mar oant de tiid dat dit safier is, wit wy natuerlik allehjir wol wa’t wy binne.
    Ik sil it ek ûnderskriuwe!!

  8. Ferjo maaie 20, 12:45

    lol, lit mar sitte. Ik ha it al lang dien. 😛

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.