Breton fytst Europeeske minderheden bylâns

july 5, 2010 20:30

Emmanuel le Merlus (39) út Bretanje fiert aksje om taalferskaat te promoaten. Hy fytst  alle Europeeske minderheidstaalgebieten bylâns om ynwenners bewust te meitsjen fan harren identiteit. Moandei 5 july en tiisdei 6 july is hy yn Ljouwert.

 

Le Merlus oer de oanlieding foar syn tocht: “It llinguïstyske ferskaat is yn gefaar. Ik meitsje dizze reis om minsken dêrfan bewust te meitsjen en om solidariteit tusken minderheden te befoarderjen.”

 

De fytsende Breton is yn maaie fan ‘e miet gien mei syn fytstocht. Syn reis is te folgjen op syn blog: http://europa-tour.over-blog.com. Dêrop is te sjen dat hy de oerstek fan Bretanje nei Wales makke hat en ûnderwyls yn Fryslân oankommen is!

 

Jongereinferiening Frysk Ynternasjonaal Kontakt (FYK) sil him de sichtbere twatalichheid sjen litte yn ús provinsje. Sa sille de Afûk, de Fryske Akademy en Mercator Kennissintrum in besite brocht wurde troch de fytsende Breton. It FYK hat al 20 jier ûnderfining mei útwiksels mei oare minderheidsgebieten yn Europa. Sjoch foar ynformaasje www.fyk.nl.

july 5, 2010 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.