Ynformaasje wurdt te folle

juny 13, 2010 11:00

Trije foaroansteande wittenskippers uterje harren soargen oer de ynformaasjemaatskippij. It giet om harsenspesjalist Nora Volkow, neurolooch Adam Gazzaley en gedrachspsycholooch Clifford Nass. Nora Volkow: “Nije techniken feroarje de struktuer fan ‘e harsens.”

Ynformaasje is hjoed de dei oeral: radio, televyzje, e-mail, mobile telefoans, Twitter, nijssites, folle net genôch. Minsken wikselje de hiele dei troch tusken ynformaasjeboarnen. Minsken op kantoar wiskselje yn trochsnee om de twa minuten tusken programma’s, bygelyks fan de tekstferwurker nei de ynternetbrowser nei it e-mailprogramma. Dat giet op kosten fan de konsintraasje. Adam Gazzaley: “Wy freegje ús brein om dingen te dwaan dêr’t it net foar makke is. En we witte dat dat gefolgen hat.”

Resint ûndersyk fan Eyal Amir fan de Stanford-universiteit hat sjen litten dat it minsklik brein him oanpast om mei hieltyd wikseljende ynformaasjeboarnen om te gean. Neffens de ûndersikers kin it brein him dêrtroch net mear lang op ien ûnderwerp konsintrearje. Dat kin gefaarlik wêze. It gefaar fan beljen yn ‘e auto wurdt noch hieltyd swier ûnderskat.

Neffens de ûndersikers hat de kreativiteit ûnder it feroarjende brein te lijen, krekt lykas de oandacht foar oaren. Relaasjes kinne dertroch ûnder druk komme te stean. Clifford Nass: “Wy wurde minsklik troch it omtinken dat wy oan oare jouwe. Dat lit sjen dat wy wiis mei dy oar binne.”

Ynformaasje is ek ferslaavjend. It is in primitive ympuls om fuort op nije ynformaasje reagearje te wollen. Soks makket dopamine frij. As men dêr ienris oan wend is, rekket men fluch ferfeeld as men net hieltyd oan nije ympulsen bleatsteld wurdt. Dochs binne dy net goed foar it lichem: multytaskers ûnderfine folle mear stress as oaren.

juny 13, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.