Wat sil de deputearre beslisse?
Resint ferskynd
- Ofwiisde East-Fryske flagge wapperet foar gemeentehûs Moarmerlân 0
- Ferhaleprojekt ‘Utsteld gelok’ yn pastorijtún yn Blauhús 0
- BolwurkFestival Frjentsjer: muzyk op it wetter 0
- Frysk Museum en de Onkruidenier organisearje aktiviteiten oangeande klimaatferoaring 0
- Bouwe de Boer: Sinnekrêft by de alve stêden lâns 0
Op 14 april hat it Berie foar it Frysk yn in brief oan Deputearre Steaten witte litten dat it Algemien Bestjoer fan it Berie foar it Frysk oan de ein fan 2010 syn taken delleit.
Yn 2008 is al troch Provinsjale Steaten besletten dat yn 2010, nei in tuskentiidske hifking, it Berie foar it Frysk yn dizze foarm ophâlde sil te bestean.
It Berie foar it Frysk wurket op dit stuit oan har lêste advys; nammentlik it advisearjen oer in nije struktuer foar it taalbelied. Dit advys is nei oanlieding fan in moasje fan Provinsjale Steaten oer in te foarmjen ‘taalsintrum Frysk’. It advys sil op 1 oktober fan dit jier oanbean wurde oan Deputearre Steaten. It is dan ek oan Deputearre Steaten om te sizzen wat de definitive plannen binne mei it Berie foar it Frysk nei 2010.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje