Trein Ljouwert-Swolle rydt faker
Resint ferskynd
DE HAACH – Der sille yn de takomst mear treinen ride tusken Swolle en Ljouwert. Op dit stuit ride der twa treinen yn ‘e oere, mar dat oantal wurdt ferdûbele. It is it gefolch fan in moasje fan de Twadde Keamerfraksje fan de ChristenUnie dy’t stipe waard troch it CDA.
It is de bedoeling dat de tredde trein yn 2012 ride sil. Wannear’t de fjirde ynset wurdt, is noch net hielendal bekend. Deputearre Piet Adema wie by it debat yn De Haach.
Wa’t de kosten fan de twa ekstra treinen foar rekken nimt, is noch net dúdlik. De brêgen en it spoar moatte ek noch oanpast wurde. Dy kosten wurde troch it Ryk betelle.
(boarne: Omrop Fryslân)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje