Skamte om winst Wilders

juny 11, 2010 19:00

SAANDAM – Skamte dat de PVV fan Geert Wilders oardel miljoen stimmen krigen hat. Dat is wat studinte Leonie Heinicke út Saandam fielde. Se wie net de iennichste. Justermoarn hat se in Facebook-groep makke mei eksuses oan de wrâld foar it Nederlânske stimgedrach. Op dit stuit, freedtejûn om 19.00 oere, hat de groep al tweintichtûzen (20.000!) leden.

Op de site uterje de leden har skamte foar harren oardel miljoen lânslju dy’t op Wilders stimd hawwe. Ut namme fan de Nederlânske befolking biede se de rest fan ‘e wrâld harren ekskús oan. Se sizze dat de mearderheid fan ‘e Nederlanners net efter Wilders stiet en him net yn it regear hawwe wol.

Nei de ferkiezing fan George Bush ta presidint fan de Feriene Steaten, yn 2004, hawwe grutte kloften Amerikaanske boargers harren skamte op in soartgelikense manier buorkundich makke.

Klik hjir om de Facebook-groep te besjen.

juny 11, 2010 19:00
Skriuw in reaksje

12 opmerkingen

  1. Erwin juny 11, 20:55

    Ik ha in hekel oan dy Wilders, mar wêrom soest eksuses oanbiede ast dy net skuldich fielst? Dat frommes hat seker ek stikem op dy Wilders stimd.

  2. Nynke juny 11, 20:59

    @Erwin: Waarom zou ze op Wilders stemmen en dan ecxuses aanbieden? Dat is toch niet logisch?

  3. Erwin juny 11, 21:17

    Der binne in protte minsken dy’t op him stimme. Yn Fryslân hat er sa’n 11 persint fan de stimmen krigen, en net ien by my op it wurk hat foar him stimd?! Dan leau ik net dat elkenien earlik is oer syn politike kleur.

    Dêrneist begryp ik de motivaasje net hielendal. Hat it bûtenlân sein dat Nederlân in nazilân wurden is? Dat ha ik tenminsten noch net heard. Ik ha in oare partij stimd en fiel my net skuldich of ferantwurdlik foar it elektoraat fan Wilders.

    Ik fyn it in pauperaksje

  4. Wilfred Anker juny 11, 23:06

    Dit is in goed foarbyld fan ‘Dhimmitude’, krûperich gedrach om oaren (yn it earste plak moslims) sjen te litten dat hja sels goed en freonlik en net tsjin moslims binne. Úteinlik út eigen liifsbehâld.

    “om buiten schot te blijven nemen zich bedreigd voelende niet-moslims een onderdanige houding aan en onthoudt men zich van kritiek op de islam.”
    http://nl.wikipedia.org/wiki/Dhimmitude

  5. pizzabakker juny 12, 16:48

    Terwiel wy safolle erchs sjen gebeuren
    Blieuwt Wilders mar oer holdoekjes seuren
    De economie leit op sien kont
    It miljeu is ûngesond
    Dat is ollejer hiel slim
    En dat immen dan sien stim
    Fergriemt oan dat blonde typ
    Is iets dat ik dus net begriep
    Dêrom sis ik NEE
    Ik haw neat mei de PVV

  6. Wilfred Anker juny 13, 00:12

    @ Pizzabakker

    – Wilders hat ien kear praat oer de kopvoddentaks, en dêrnei net wer. It fragmint wurdt faak herhelle, mar hy begjint der sels net oer.

    – It miljeu stiet der hiel bêst foar. De loft is yn 50 jier net sa skjin west. (Ik nim oan datst net CO2 bedoelst, want dat hat neat mei’t miljeu te meitsjen; mear mei in mooglike driiging fan opwaarming.)

    – De ekonomy stiet der net bêst foar, mar dat is pas fan de lêste pear jier. Wilders hâldt him al skoften mei de problemen fan de islam en massa-immigraasje dwaande. Jo kinne net fan him ferwachtsje dat de PVV samar syn aksinten ferskowt. Oare lytse partyen hawwe der ek net daliks in antwurd op.

    – Troch Wilders ‘dat blonde typ’ te neamen, diskwalifiseare jo jo kommentaar. De tiid dat Balkenende ‘Harry Potter’ neamd waard en Femke Halsema allinnich mar om har frau-wêze beoardeiel waard, leit ommers ek al wer in skofte efter ús.

    Dat we in ekonoamyske krisis hawwe, dat witte de measte minsken no wol, en dêr wurdt oan wurke. Mar it is (tsjoege jo reaksje) goed dat er partyen binne dy’t ús derop wizen bliuwe dat de islam en massa-immigraasje ús demokrasy ûnder druk sette. Want de gefolgen dêrfan binne op’e lange djoer wol sa grut!

  7. pizzabakker juny 13, 15:27

    CO2 hat alles mei it miljeu te maitsjen! Wat my stoort oan Wilders is dat hy fan de Islam sa’n grut probleem MAKKET. Ik kom bijna nooit Moslims tsjin en ik ha al hielemaal gjin lest fan se. Yn Fitna wurden Molsims as een gefaar delset foar de Nederl^&anske samenlibbing. Sa moast net mei minsken omgean!

  8. Wilfred Anker juny 13, 16:10

    @Pizzabakker

    Wêr wenje jo? Dat ferklearret faaks wêrom de PVV net folle stemmers hat yn’t Noarden fan’t lân…

    It spyt my dat ik it sizze moat, mar Wilders MAKKET fan de islam net it probleem; dat is it al 1400 jier. Lês de skiednisboekjes der mar op nei en sjoch mar ris wat der oeral op’e wrâld bart. Ek yn lannen as Turkije en Marokko.

    It fyt dat Wilders ien fan de ienigen is dy’t it der oer hat, wol net sizze dat hy in probleem MAKKET. Lêze jo wolris bûtenlânske kranten? Ha jo wol ris yn Arabyske lannen west?

    Sels Winston Churchill (dy’t oars altiden sa graach oanhelle wurdt) hat gjin goed wurd foar de islam oer.
    http://www.bookwormroom.com/2010/02/13/winston-churchill-writing-about-islam/

    “Wat my stoort oan Wilders”
    Ja, mar dêr giet it net om. It giet om de realiteit, net of we de boadskip ferfelend fine.

    “Ik kom bijna nooit Moslims tsjin”
    Faaks soe jo oerdiel oer de islam wat feroarje, at je se wat faker tsjinkomme soene.

    It spyt my tige, wardearre Pizzabakker, mar jo oardiel oer de islam rêstet op gebrek oan informaasje en faaks in te goed fertrouen.

    (Let wol: ik haw it hjir net oer individuiele moslims; dy kinne fansels best aardich wêze, wit ik út eigen erfaring.)

  9. lofiis juny 14, 22:28

    Minsken, dit binne punten út Wilders program. Der sil fêst in soad te sizze wêze oer de Islam mar dit is wat in ús polityk ôfspilet. Under ús eagen en ús ferantwurdlikens:

    – etnische registratie
    – alle korans uit bibliotheken verbieden
    – hulp afschaffen aan organisaties die volgens Wilders anti-Israel zijn
    – ambassade van Ramat Gan naar Jeruzalem verplaatsen
    – heropvoedingskampen
    – criminele Antillianen terug naar eigen land
    – controle op tweede huizen (alleen in Marokko en Turkije natuurlijk….)
    – bij ieder overheidsgebouw en elke school moet de NL vlag wapperen
    – strijd tegen Islam moet de kern van ons buitenland beleid zijn
    – Internationaal tribunaal tegen de Iraanse president Ahmadinejad c.s. wegens het ophitsen tot genocide en de vernietiging van Israël

  10. Wilfred Anker juny 15, 18:21

    @lofiis

    En jo tinke echt dat it safier komt? Se binne de tredde party en it is noch mar de fraach of se yn’e regearing meie.

    Hawwe jo boppedat de programma’s fan de oare partyen like goed lêzen? Mei de helt fan de punten dy’t neame, is oars neat mis hjer.

    Lês oar dit ek ris:
    http://dezwijger.blogspot.com/2010/06/waarom-wilders.html

  11. lofiis juny 15, 21:08

    @Wilfred Anker

    It witte litte is my efkes genôch.

  12. pizzabakker juny 18, 21:21

    @Wilfred Anker: dat slaat nergens op. Yn de hânnen fan ûndemokratyske leiders is elke ideologie in gevaar. Mar it gjit hjir om Fryslân. Hjir is de islam hielendal gjin probleem. Niemand hat er ooit mar oan tocht om it in probleem te neamen tot Fortuyn en Wilders er opiens oer begongen. It is krekt sa iets as yn de 50er jieren mei de communisten. It is hiel slecht foar de relaties tusken meensken om se yn hokjes te setten en die hokjes te demonisearjen. Asto problemen hast mei in molsim gjin dan gewoon eens mei him praten, miskyn komme jim er dan wol samen uut.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.