SGP ree om PVV te stypjen

juny 11, 2010 22:24

DE HAACH – De SGP is ree om in koalysje fan VVD, PVV en CDA te stypjen. Dat hat foarman Kees van der Staaij hjoed oan keninginne Beatrix meidield. Yn sa’n gefal soe de SGP net in minister leverje, mar wol soargje foar in keamermearderheid. De SGP kriget twa keamersitten.

Van der Staaij hat de keninginne oanret om in VVD’er as ynformateur oan te stellen. Neffens de SGP’er moat dy alderearst ûndersykje hokker koalysje mei VVD en PVV mooglik is. In kombinaasje mei it CDA hat by him de pree.

juny 11, 2010 22:24
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin juny 12, 09:05

    PvdA+CDA+VVD. Oare koalysjes binne hast net mooglik. Boppedat is der by de PVV ynterne striid tusken Brinkman en Wilders. Dat de PVV no ynienen in oar stânpunt oer de AOW hat is kiezersbedroch. Wêrom’t de SGP dan noch foar sa’n koalysje is wit ik net, behalven dat se in rjochtse koalysje hawwe wolle.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.