Paus wol Europa wer kristenje
Resint ferskynd
ROME – It Fatikaan in in spesjale ôfdieling oan it oprjochtsjen om de westerske wrâld op ‘e nij te bekearen ta it roomske leauwe. Dat hat paus Joseph Ratzinger moandei buorkundich makke.
Neffens Ratzinger is it kristendom yn guon westerske lannen op ‘e eftergrûn rekke. De nije ôfdieling wol benammen yn dy lannen warber wurde dêr’t de lju opfallend minder tsjerkje as fyftich jier tebek en dêr’t it tal preesterstudinten bot ôfnommen is.
De wurknamme fan de nije ôfdieling is ynearsten Pauslike rie foar nije evangelisaasje. As haad fan de ôfdieling hat it Fatikaan de Italjaanske aartsbiskop Rino Fisichella presintearre (sjoch foto). Fisichella is rektor fan de pauslike universiteit yn Rome en hat oardel jier lyn aartshartoch Hindrik fan Lúksemburch derta ferliede kinnen om de wet op ‘e legalisearring fan eutanasy yn Lúksemburch net te ûnderskriuwen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje