Pasta tichtet gatsjes yn tosk
Resint ferskynd
STRAATSBURCH – Frânske wittenskippers binne dwaande mei in alternatyf foar de follings yn tosken en kiezzen. Se hawwe in pasta ûntwikkele dy’t tosken derta oanset om sels lytse gatsjes te tichtsjen.
“It is gjin toskboarstlersguod dat gatsjes tefoaren komt,” seit Nadia Benkirane-Jessel, ien fan ‘e ûndersikers. “Wy besykje om besteande gatsjes te reparearjen.”
De earste eksperiminten mei de nije pasta ûnthjitte in soad: yn in moanne tiid hienen tosken dy’t dermei behannele waarden sels harren gatsjes wer ticht makke.
De pasta wurdt op ‘e tosk oanbrocht. Der sitte saneamde peptiden yn. In tosk bestiet út libbene sellen. Dy hawwe al it fermogen om skansearringen op te meitsjen, mar in gatsje is meastal te grut. De peptiden litte de sellen hurder wurkje. Yn guon gefallen slagget it dan wol en krij it gatsje ticht.
Mei deselde stof dy’t yn de pasta sit, wurde ek al in skoftlang proeven dien om brutsen bonken flugger wer oanwaakse te litten.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje