Nije haadredakteur NRC
Resint ferskynd
ROTTERDAM – Peter Vandermeersch (sjoch foto) wurdt de nije haadredakteur fan NRC Handelsblad. Dat hat de krante juster buorkundich makke. Vandermeersch is op it stuit haadredakteur by de Flaamske kranten De Standaard en Het Nieuwsblad. Under syn lieding is De Standaard útgroeid ta ien fan de bêste kranten fan België.
Vandermeersch (1961) hat skiednis yn Genk, sjoernalistyk yn Parys en politikology oan Harvard studearre. Hy hat jierrenlang as bûtenlânredakteur foar Flaamske kranten wurke. NRC-redaktrise Wubby Luyendijk neamt Vandermeersch “de beste krantenmaker uit België”.
Vandermeersch folget Birgit Donker op, dy’t op 1 july haadredakteur-ôf waard nei in skeel mei de direksje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje