Krityk op DNB om bankfergunning DSB
Resint ferskynd
DE HAACH – De Nederlandse Bank (DNB) hie Dirk Scheringa Beheer (DSB) nea in bankfergunning jaan moatten. Dat is de konklúzje fan de kommisje ûnder lieding fan Michiel Scheltema. Minister fan finânsjes Jan Kees de Jager is it mei de kommisje iens.
Direkteur Dirk Scheringa hie te folle macht yn de bank en waard net goed kontrolearre. Fierders naam de bank te grutte risiko’s. DNB hie dêr better op tasjen moatten, sa seit de kommisje.
De kommisje Scheltema docht de oerheid de oanrekommandaasje om de rie fan komsarissen fan banken mear kontrôle te jaan op DNB. Fierders wol er dat de kontrôle op banken faker evaluearre wurdt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje