Klassiker Thomas Hardy oerset
Resint ferskynd
- Oprop foar lêzingen multydissiplinêr wurkatelier op Skylge 0
- Sytze de Haas út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 0
- Krekt útkommen: ‘De Jonge, de Mol, de Foks en it Hynder’ 0
- Utstallingen sûnder grinzen iepene 0
- ‘It ritme fan RIXT’ – selektearre gedichten fan it Frysk dichterskollektyf RIXT 0
Ynstjoerd
Oer it boek:
Tess is oan it begjin fan it ferhaal in ienfâldich kreas famke fan 16 jier út in ienfâldich plattelânsfermidden yn it suden fan Ingelân. Har libben nimt in hiel oare kear as de dûmny har heit John Durbeyfield ynienen Sir John neamt. Hy fertelt him dat er út it laach fan de âlde ridderfamylje fan de d’Urbervilles komt. Har heit en mem krije dêrtroch in hiel oar perspektyf op har libben en harren prachtige dochter Tess wurdt ynset om de kontakten mei de rike famylje wer oan te heljen. It wurdt lykwols har ûndergong.
Tess wurdt fergriemd tusken de twa utersten fan de Viktoriaanske (manljus)moraal, dy’t oan de iene kant de frou as (lust)objekt beskôget en oan de oare kant as wat ûnmooglik suvers en ferhevens. Se is fansels gjinien fan beide, mar wurdt – mei oare wurden – wól beoardiele neffens wa’t se yn de eagen fan de manlike taskôger is en net neffens wat se werklik sels is en wêze wol.
Har houlik mei Angel (dy’t net om ’e noch sa hjit) rint de earste jûn al op ’e non as se, nei syn bekentenis fan seksueel kontakt mei in oar foár har, ek har eigen ferhaal opbychtet: wat de man Angel as fanselssprekkend ferjûn wurdt, ferjout er har nét, omdat se foar him fan har fuotstik fallen is as suver en ferheven ideaal. Tess of the d’Urbervilles: A Pure Woman Faithfully Presented fan de ferneamde Ingelske skriuwer Thomas Hardy (1840-1928) ferskynde foar it earst yn boekfoarm yn 1891, neidat it swier ‘fatsoenearre’ yn ôfleveringen ferskynd wie yn it tydskrift The Graphic. It boek is ferskillende kearen suksesfol ferfilme en hat ferline jier noch op de BBC te sjen west.
Oer de oersetter:
Geart van der Meer (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 bij it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er redakteuren by Trotwaer. Yn 1984 ferskynde syn dichtbondel Skûl bij Hanklit, en yn 1987 in bondel mei 25 sonnetten, Winterkriik. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ yn it Frysk. Hy levere de Fryske oersetting fan de opera Rixt fan Henk Alkema. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân. Yn 2009 ferskynde It Paradys Ferlern, syn metryske oersetting fan it ferneamde Paradise Lost fan John Milton (1674), it epos oer de sûndefal yn it paradys. Ein dit jier sil nei alle gedachten syn oersetting klear wêze fan de Idylls of the King, Alfred Tennyson syn 19-ieuske bewurking fan de midsieuske ferhalen oer Kening Artur.
Nijsgjirrich! Mar… wêr wurdt it útjûn? En wannear?
Ik mis de bibliografyske gegevens.