Gedicht: Lokkich

juny 26, 2010 19:11

Ut en troch ferskine gedichten fan my op de side fan It Nijs. Ik tink dat myn fersen sawol serieus as boartlik wêze kinne: earnst mei in knypeach om my. Lês mar ris fierder.

Bauke Miedema út Menaam.

it sjongt yn mij
it swingt yn mij
it dânset troch mij hinne

se seit
en dat ha’k goed ferstien
se seit
ik hâld fan dij
ik hâld fan dij allinne

komt dat goed út
dat doch ik ek
wij falle op deselde
jou mij mar gau in tút

ik tink
dit liket skoan
it kin net misse
dit bliuwt
hiel lang noch oan

bytsje ferstân

in hoartsje letter dus
seit se
sûnder petear
bij mij
binn’  no de rapen gear

en ik
ik woe
ik soe

mar nee ‘t is út
sûnder dy tút
de lêste

dit lok is no
foargoed ferpest

mar lokkich ha ‘k
wol lokkich west

juny 26, 2010 19:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.