Deaden by ûntploft hûs

juny 30, 2010 11:00

SOUMAGNE – Yn it Luikske Soumagne is tiisdeitemiddei in hûs folslein fuortfeegd troch in gasûntploffing. By it ûngemak binne twa ynwenners en in leadjitter dearekke. De bewenners hienen in gaslek rûkt en harren bern by de buorlju yn feiligens brocht. Mei de leadjitter dy’t it lek opspoare soe, wienen se krekt wer ta de hûs yn rûn, doe’t dat ûntplofte.

De ûntploffing hat njonken it hûs ek in pear mêsten fan it elektrysk ûnderút reage. Dêrtroch sitte hûnderten huzen yn ‘e omkriten op it stuit sûnder stroom.

juny 30, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.