Bonifatius-film yn it Aldfrysk

juny 23, 2010 22:29

AMSTERDAM – Jan Decleir spilet de rol fan preker Bonifatius yn de film De schaduw van Bonifatius, dy’t op 29 juny yn premiêre giet. Yn de film stiet de konfrontaasje tusken de âlde heidenske Friezen en de kristlike bekearders Bonifatius en Willibrord sintraal. Njonken de prekers sels spylje ek heidenske goaden lykas in bosknimf in wichtige rol. De spannings tusken de groepen komme ta in útboarsting as Bonifatius en syn mannen de hillige iik fan de Friezen omkappet.

De schaduw van Bonifatius is in produksje fan de Nederlandse Film en Televisie Academie yn Amsterdam en fan de omroporganisaasjes AVRO en NCRV. It is de earste Nederlânske film dy’t gebrûk makket fan de techniken fan The Lord of the Rings en Pirates of the Caribbean. Kompjûteranimaasjes spylje in grutte rol en meitsje foar in grut part de sfear fan de film út.

Tige bysûnder is de taal dy’t de haadfigueren yn de film prate. Bonifatius en syn mannen kamen út it Ingelân fan de 8e ieu en prate Aldingelsk, wylst de Friezen it nau besibbe Aldfrysk praten. Dy twa talen liken doe safolle opinoar dat Bonifatius him yn Fryslân net hoegde te ferbrekken.

De akteurs hawwe de beide âlde talen leard fan perfester Rolf Bremmer fan de ryksuniversiteit yn Leien. Hy is heechlearaar Frysk en saakkundige op it mêd fan Aldgermaanske talen. Bremmer: “De producer Mels Kroon is mei lûdsapparatuer nei myn keamer ta kommen om my alle Latynske, Aldingelske en Aldfryske teksten ynprate te litten. Dêr hawwe de akteurs earst mei oefene. Yn jannewaris kamen de haadrolspilers nei Leien om ûnder lieding fan regisseur Thijs Schreuder mei my te oefenjen. Ik fyn it fantastysk dat ik sa’n grut akteur as Jan Decleir helpe mei by it learen fan it Aldingelsk. Ynienen wurde dy deade talen wer sa libben as in hert!”

Tsjinspiler fan Decleir is Tryater-akteur Jan Arendz yn de rol fan Frysk stamhaad. De rezjy is yn ‘e hannen fan Thijs Schreuder. De film is fan ‘t simmer earst yn bioskopen yn ‘e Rânestêd te sjen en komt letter miskien ek nei Fryslân ta. Hy is fierder te sjen op it Nederlands Film Festival yn Utert en wurdt ein fan it jier ek troch de AVRO op ‘e televyzje útstjoerd.

Klik hjir om de website fan de film te sjen.

juny 23, 2010 22:29
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin juny 23, 18:11

    De namme fan de film liket nergens op. Koene se net in goede Fryske titel fine dy’t wat mear deryn batst?

    Nijsgjirrich stikje
    http://grienetsiis.blogspot.com/2010/06/bonifatius-is-net-by-dokkum-fermoarde-1.html

    http://grienetsiis.blogspot.com/2010/06/bonifatius-is-net-by-dokkum-fermoarde-2.html

  2. pizzabakker juny 23, 19:05

    Jan Arendz is in geweldiche akteur!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.