Aukje Jansma winner Frysk diktee
Resint ferskynd
Aukje Jansma út groep 8 fan de iepenbiere basisskoalle It Holdersnêst út De Harkema is de winner fan it Taalspultsje Achtkarspelen mei in topskoare fan 90%. De hiele top 5 fan it taalspultsje bestie út learlingen fan It Holdersnêst. Dizze skoalle hat dizze wike ek it sertifikaat krigen foar ‘Trijetalige skoalle’.
Hjoed hat Tjeerd van der Zwan, portefúljehâlder kultuer, de prizen útrikt. De winner hat in iPod krigen, de groep fan de winner trije boeken út de rige ‘De traveliers’ en alle learlingen út de groep fan de winner in Praat Mar Frysk-pakket en in cd mei folksferhalen út Achtkarspelen.
Yn it ramt fan it Frysk taal- en kultuerbelied hat de gemeente Achtkarspelen it ‘Taalspultsje Achtkarspelen’ ûntwikkelje litten troch de Afûk. Mei dit digitaal Frysktalich diktee wol de gemeente de boargers op in tagonklike wize yn kontakt bringe mei it Frysk. It taalspultsje is in Frysk diktee fan alve sinnen oer de doarpen yn de gemeente Achtkarspelen. Fia de webside www.achtkarspelen.nl kin eltsenien no meidwaan oan it taalspultsje.
Ik fyn 90% tige goed!