Antykonsepsjepil foar manlju

juny 30, 2010 11:00

RAMAT GAN – Israelyske wittenskippers binne in antykonsepsjepil foar manlju oan it ûntwikkeljen. De notiidske ferzje fan de pil wurket al by mûzen. Hy hoecht mar ien kear yn ‘e trije moanne ynnommen te wurden.

Neffens ûndersiker Haim Breitbart jout de pil by de mûzen gjin bywurkingen. Hy wurket ek lange tiid. Dat is mei sin sa dien, want de ûndersikers wienen benaud dat manlju oer it generaal net sa sekuer binne mei it ynnimmen fan piltsjes as froulju.

Der wienen wol earder pillen foar manlju ûntwikkele, mar dy wurken net goed of hienen bywurkingen, bygelyks dat de manlju gjin nocht mear hienen oan it lizzende wurk.

De nije pil hat in folslein oar prinsipe as de frouljuspil. Troch de pil misse de manlike siedsellen in aaiwyt dat se nedich binne om ta de froulike aaisel yn te kringen. Dy kin dêrtroch net befruchte wurde.

juny 30, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.