Ynterfrysk wapen
Resint ferskynd
Fryske Rie foar Heraldyk kart Ynterfryske flagge fan de Ynterfryske Rie ôf. De Groep fan Auwerk presintearret nij Ynterfrysk wapen.
Yn 2007 hat de Groep fan Auwerk op Helgolân (by de trijejierlikse gearkomste fan alle Friezen) oan de Ynterfryske Rie frege om in Ynterfryske flagge te ûnwikkeljen dy’t as symboal sprekke kin foar alle Fryslannen en har ynwenners. De Groep fan Auwerk hie al in Ynterfryske flagge (Skandinavyske foarm) ûntwikkelje litten dy’t foldocht oan de heraldyske kritearia, soks ek om de diskusje by de Ynterfryske Rie op gong te bringen. Der wie ien betingst: de flagge moast in heraldyske fûndearring ha. Doel is om yn de takomst te kommen ta in polityk bestjoerlik akseptabele goedkarde Ynterfryske flagge mei in mienskiplike draachkrêft, dy’t sprekke kin foar alle Fryslannen.
No’t bliken docht dat de nije flagge fan de Ynterfryske Rie (rûn model) net heraldysk ferantwurde is (sjoch e-mail ûnder) en dêrom gjin politike fûndearring hat, bliuwt de earste Ynterfryskeflagge (skandinavyske foarm) fan de Groep fan Auwerk oerein. Ein maart is dan ek de Fryske Rie foar Heraldyk frege om in wapen te tekenjen dat passend is by de Ynterfryske flagge (skandinavyske foarm), en dat is slagge. It is it âlde wapen fan Kening Redbad wurden en de Groep fan Auwerk is dêr tige mei ynnommen. Dat wapen is bekend út de âlde kroniken fan de Heraut Beyeren út it jier 1404 en út de âlde kroniken fan Brabân en Gelre.
De Groep fan Auwerk sil no de Ynterfryske flagge (Skandinavyske foarm) en it wapen, beide formeel registrearje litte troch de Fryske Rie foar Heraldyk. As dat dien is, sille de flagge en it wapen oanbean wurde oan de politike fertsjinwurdigers fan alle Fryslannen
Boarne link: http://www.groepfanauwerk.com/homeFwapen.html
Terjochte, dy saneamde Dútske sjitskiif fan de Ynterfryske Rie seach der dan ek ôfgryslik út.
Sjoch hjir foar dy “foute” flagge: http://interfriesischerrat.de/images/stories/ynterfryskeflage.jpg
Ik bin wol bliid dat de sjitskiif net mear meidocht. Dat ding seach der net út.
Dat kinst wol sizze! Wat in gedrocht:D
Hâld it mar lekker by it Skadinavyske model..
Die giele (skand. mod.) brûk ik sels ek graach.. die is moai!
Dit lijkt erg op het wapen van Sleeswijk. Tot nu toe heb ik altijd de versie gelezen dat het Sleeswijkse wapen (twee leeuwen) van het Deense wapen (drie leeuwen) afgeleid werd. Sleeswijk was oorspronkelijk het jarldom Zuid-Jutland. De leeuwen waren overigens oorspronkelijk luipaarden (zullen ze steeds nog in het stadswapen van Flensburg zijn).
Zou het Sleeswijkse wapen in werkelijkheid een afleiding van Radbouds wapen kunne zijn? (Ik ben Deen, schrijf helaas geen Fries).