Ymport wol weryndieling

maaie 1, 2010 18:39

BRUSSEL – Twa Flaamske gemeenten wolle Flaanderen ferlitte. De gemeenterieden fan Linkebeek en Kraainem hawwe dizze wike stimd foar ynliving by Brussel. Yn beide gemeenten wennet sa’n soad Frânsktalige ymport, dat de Nederlânsktaligen der yn ‘e minderheid binne. De Frânsktaligen binne benaud dat se, as it kiesdistrikt Brussel-Halle-Vilvoorde opheft wurdt, net mear op Frânsktalige partijen stimme meie.

De Frânsktaligen wolle fierder dat België it ramtferdrach foar nasjonale minderheden ûnderskriuwt. Dat moat Frânsktaligen yn Flaanderen it rjocht jaan om yn de takomst op “minderhedepartijen” te stimmen.

De Nederlânsktaligen rûnen lilk út de riedsgearkomste wei. Neffens it Nederlânsktalige gemeenteriedslid Luk van Biezen slagge de stimmingen nearne op, mei’t gemeenterieden noch oer bestjoerlike weryndieling, noch oer ynternasjonale ferdraggen wat te fertellen hawwe.

maaie 1, 2010 18:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.