Wol of gjin porno op ‘e iPAD?
Resint ferskynd
ROTTERDAM – Apple docht alle war om bleate en joetsende minsken fan syn produkten te ferbaljen. Okkerdeis hat it bedriuw noch fiiftûzen “te bleate” applikaasjes foar de iPAD út de digitale winke iStore ferwidere. Flash-bestannen, tige populêr ûnder pornografen, binne op ‘e iPAD ek net te besjen.
Porno-oanbieder YouPorn fjochtet lykwols werom troch syn ûnbidige samling bleat om te setten nei it HTML5-formaat, dat wol op ‘e iPAD te besjen is.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje