Special oer masturbaasje

maaie 16, 2010 11:05

Embryo’s masturbearje, lytse bern ek en wa’t it net docht, kin siik wurde. Maaie is masturbaasjemoanne en dat moatte wy witte.

Yn it ramt fan de moanne fan de masturbaasje publisearret de wittenskipssite Kennislink in wiidweidich artikel oer selsbefrediging. De site berjochtet deroer dat selsbefrediging yn it bisteryk hiel gewoan is. It stikelbaarchwyfke brûkt sels tûkjes as dildo om har gerak te krijen.

Minsken binne ek dieren en masturbearje dus ek. De site toant echografyen dêr’t op te sjen is dat sels embryo’s al mei de eigen ûnfolgroeide geslachtsdielen boartsje. Neffens Kennislink hawwe allinnich bern fan fiif jier oan it begjin fan de puberteit hawwe gjin ynteresse foar seks. Poppen, pjutten en beukers meie ek graach tusken de skonken fimelje en lytse famkes ride graach tsjin dingen op.

Masturbaasje kostet enerzjy en hie it yn de striid om it bestean net útholden as it net nuttich wie. Wat it nut is fan masturbearjen, fertelt Kennislink ús ek. By manlju wurdt sied dat yn it lichem sit sleau en dêrtroch minder fruchtber. Fierder wurde de siedsellen hieltyd oanfallen troch saneamde frije radikalen – stofkes dy’t de sellen skansearje. Troch te masturbearjen ferfarsket de man syn sjitkleare lading. De sleauwe en skansearre sellen wurde troch flugge, sûne ferfongen.

By froulju is it oars. As hja masturbearje, dan wurdt de pH-wearde fan harren skûlliif leger. Dat deadet sykteferwekkers. Boppedat deadet it sperma. In frou kin troch flak foar of nei in pearing te masturbearjen derfoar soargje dat de siedsellen har aaisel net befruchtsje. Sa koenen froulju sels al foar’t de pil bestie regelje fan wa’t se in bern hawwe woenen.

Klik hjir om it artikel by Kennislink te lêzen.

maaie 16, 2010 11:05
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Nynke juny 7, 23:52

    leuk poesje

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.