Snobguodwinkel yn Goateboarch ferkeapet drugs

maaie 18, 2010 19:52

In snobguodwinkel yn Goateboarch ferkeapet iepenlik drugs. De drugs binne sa nij dat de regearing noch gjin tiid hân hat se te ferbieden. It giet om in krûdemingsel dat bespuite wurdt mei in syntetyske kannabinoide, de aktive stof fan kannabis. It wurdt smookt en it hat likernôch itselde effekt as marihuana. Foar 3 gram wurdt 379 kroanen betelle neffens Göteborgs Posten. Narkoatika is al jierren in punt fan soarch foar de drugsbestriders, omdat de polysje gjin drugs yn beslach nimme kin dy’t noch net as sadanich klassifisearre is. Op it momint dat dat bard is, wurdt de gemyske gearstalling in bytsje feroare en de ferkeap giet wer gewoan fierder. Oant no ta wie de hannel allinne op ynternet, mar no is immen yn in snobguodwinkel begûn mei de ferkeap.Kai Knudsen, drugsekspert en dokter fan it Sahlgrenska Universiteitssikehûs riedt it mei klam ôf om in syntetyske kannabinoide te brûken. Ferskate drugs binne al klassifisearre as narkoatika en in oantal wurdt no ûndersocht troch it folkssûnensynstitút. “Guon syntetyske kannabinoïden binne sels gefaarliker as natuerlike kannabis”, seit Knudsen.

 

maaie 18, 2010 19:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.