Serieus prate mei bern is goed

maaie 1, 2010 10:33

Bern dy’t al jong op in folwoeksen toan oansprutsen wurde, hawwe in foarsprong by it learen fan in taal. De Nederlandse Organisatie voor Wetenschappelijk Onderzoek (NWO) meldt tiisdei dat serieus praten goed is foar de talekennis fan pjutten en beukers.

Undersykster Lotte Henrichs, dy’t woansdei promovearret oan de Universiteit fan Amsterdam, kaam derefter dat bern op de basisskoalle in beskaat type taalkennis nedich hawwe: saneamde skoaltaal. Dat is de taal dy’t de juffers en masters brûke as se wat útlizze. Skoaltaal bestiet út betreklik slimme, abstrakte wurden en yngewikkelde sinsstruktueren. Mei bysinnen en bynwurden (‘voegwoorden’).
Bern dy’t yn de beukerklassen al mei dy taal yn oanrekking komme en thús ek op in folwoeksen wize oansprutsen wurde, hawwe in foarsprong.

Alden dy’t harren bern foarlêze, ferhalen fertelle en nijsgjirrich praat hawwe, bewize harren kroas in tsjinst.

maaie 1, 2010 10:33
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. pizzabakker maaie 1, 21:21
  2. Erwin maaie 2, 13:44

    Bern binne gjin kij!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.