Nije sponsor Cambuur

maaie 4, 2010 14:40

LJOUWERT – SC Cambuur hat foar takom seizoen in nije haadsponsor. Bougroep Dijkstra Draisma fan Dokkum tekenet in kontrakt foar ien jier mei in opsje foar noch in jier. De bougroep wie ek al sponsor fan Cambuur, mar nimt no it haadsponsorskip oer fan WTC Expo. WTC wie de lêste fjouwer jier haadsponsor.

Neffens direkteur Alex Pama is it foar de fuotbalklup yn dizze ekonomyske tiden in goeie deal. PAX-groep en LEVO binne takom jier de oare shirtsponsors fan SC Cambuur.

De Ljouwerters spylje by de play-offs al mei de nije sponsors op it shirt.

(Tekst fan Omrop Fryslân)

maaie 4, 2010 14:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.