Mei Tomke op ‘e foto

maaie 26, 2010 12:42

LJOUWERT – De Fryske bibleteken hawwe mei-inoar in nije aktiviteit betocht, dy’t útfierd wurde sil yn de perioade fan 31 maaie o/m 15 juny.

As it Fertel & Foarlês Festival *) holden wurdt organisearje de bibleteken yn Fryslân foarlês- en fotosesjes, mei in echte en libbensgrutte Tomke. Alders en fersoargers kinne dan nei de bibleteek gean om harren pjut of beuker mei Tomke op de foto te setten. Nei ôfrin krije se it nije Tomke-boekje fergees mei, sadat se thús sels ek foarlêze kinne.

Yn Disneyland wolle de lju graach op de foto mei Mickey Mouse en de oare figueren, dy’t dêr omrinne… Soks kin no aanst ek mei Tomke, want yn de FFF-perioade komt hy yn alle bibleteken. De âlders kinne dan foto’s meitsje fan harren bern, dat bygelyks in hantsje krijt fan Tomke!

Mei dizze aksje jouwe de bibleteken omtinken oan it feit dat ek hiel jonge bern fergees lid fan de bibleteek wurde meie. Boppedat kinne de âlders yn de bibleteek terjochte foar objektive ynformaasje oer de opfieding yn in meartalich fermidden. As foarbyld: bern dy’t twatalich grutbrocht wurde sille letter folle makliker in frjemde taal leare kinne.

It program

De aktiviteit is bedoeld foar jonge bern (pjutten en beukers) en harren âlders of fersoargers. It program wurdt ynfolle troch de pleatslike bibleteek. Sa’n ‘Tomke-barren’ duorret sawat in healoere, mei foarlêzen út it nije boekje “Tomke en Romke yn it ferkear”, foarljochting oer meartalich grutbringen en fansels it meitsjen fan de foto’s. De âlders wurdt frege om sels in fototastel mei te nimmen.

Datums en plakken

Alle bibleteken dogge mei oan “Mei Tomke op de foto”, útsein de Waadeilannen. Yn de pleatslike bibleteek komt in poster te hingjen mei de datum en tiid. Mear ynformaasje is te finen fia www.ontdekdebieb.nl, de algemiene webside fan de Fryske bibleteken. En op www.fffestival.nl stiet it oersjoch fan alle plakken en datums.

maaie 26, 2010 12:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Lútsen maaie 27, 11:25

    Dat begryp ik no net: Tomke wurdt oankundige yn it Hollânsk (is dit in poster?)…en wêrom de eilânske bern net? Is it Frysk harren sá twer?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.