Maaie masturbaasjemoanne

maaie 1, 2010 22:36

SAN FRANCISCO – Yn de Feriene Steaten begjint hjoed de moanne fan de masturbaasje (National Masturbation Month). De tradysje bestiet sûnt 1995 en is ûntstien as protest tsjin it ûntslach fan bernedokter Joycelyn Elders, doedestiids it haad fan de Amerikaanske rykstsjinst foar de sûnens. Hja wie in grut foarstanner fan it útdielen fan hoedmiddels lykas kondooms op skoallen, soks ta ôfgriis fan in soad konservative lânslju.

Frou Elders spruts yn 1994 op Wrâld-AIDS-dei yn in gearkomste fan de Feriene Naasjes. Doe’t ien fan de fertsjintwurdigers har frege oft men geslachtssykten bestride koe troch jongelju op it alternatyf fan ‘e hânkarre te wizen, joech se as antwurd: “Yn myn eagen is it gewoan ûnderdiel fan it minsklik seksueel gedrach. Miskien is it wol in goed idee om der les yn te jaan.”

De doetiidske presidint Bill Clinton wie fan betinken dat frou Elders dat as fertsjintwurdiger fan de Feriene Steaten net sizze mocht hie en joech har dien. Dat feroarsake in soad lilkens ûnder de befolking. Sûnt is maaie alle jierren masturbaasjedei. Der is in grut ferskaat oan aktiviteiten yn dat ramt, fan foarljochting oant masturbaasjemaratons.

maaie 1, 2010 22:36
Skriuw in reaksje

3 opmerkingen

  1. Erwin maaie 2, 13:38

    Soene se der op tv ek spesjaal omtinken oan jaan?

  2. pizzabakker maaie 2, 14:27

    masturbaasjemaratons? It moaiste Frysk wurd fan de dei!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.