Lokwinsk oan Friisk Foriining
Resint ferskynd
Tige achtenearre dames en hearen,
De Ried fan de Fryske Beweging út Westerlauwersk Fryslân wol jimme hjirby hiel hertlik lokwinskje mei it feit, dat jim krewearjen beleanne is mei it ta stân kommen fan in nije radio-omrop mei de moaie namme ‘Nais foon diling’.
Dat dizze nije stjoerder fan hjoed ôf oan in grutter gebiet en sadwaande mear Noardfriezen betsjinje kin mei nijsgjirrige, taalbefoarderjende programs yn de Noardfryske taal, is ús tige nei ’t sin. Wy achtsje it in unyk projekt sa’t it syn beslach kriget: yn gearwurking mei in gymnasium en skoallelearlingen, dy’t ta radioreporter oplaat wurde. Hulde!
Wy fine it ynteressant dat jimme programs tenei ek te beharkjen wêze sille oer it ynternet, alle moandeis in oere lang. De klank fan jimme Frysk hâldt ús yn de besnijing, ek al hawwe wy muoite mei it ferstean. Wy hoopje – en jimme sûnder mis ek – dat der skielk mear stjoertiid yn sit.
Wy winskje jimme fierder in soad sukses en foaral in protte nocht, wille en ynspiraasje mei dit nuttige wurk.
Mei achtinge en
freonlike groetnisse,
Renze Valk, skriuwer
Ik ha krekt eefkes op de webside fan de Friisk Foriining sjoen, mar dy binne sa drok as in lyts baaske. In lokwinsk wurdich.
SEALTER WEBRADIO is yn dit ferbân ek it neamen wurdich. Ynfo op: http://stq.wikipedia.org/wiki/Seelter_Seendenge
Sûnt wannear docht Wikipedia oan reklame? Ik koe de útstjoering net online beharkje. Ik kin it Sealtersk wol in bytsje lêze, mar ik ha it net fine kind.
Dit is in nuttige ynstruksje foar in net-kommersjeel stasjon. De útstjoerings binne sneins om de 14 dagen, lykas oanjûn yn “Do Programme…”.