Kangoeroe-ekshibisjonist

maaie 18, 2010 11:00

TENNANT CREEK – Froulju yn it Australyske plak Tennant Creek hawwe lêst fan in ekshibisjonist. Allinnich is it net in minske, mar in kangoeroe.

In frou fertelt hoe’t se oer in fytspaad rûn doe’t se fernaam dat se folge waard. Se seach om en der rûn in kangoeroe efter har. “Ik rûn troch en tocht der fierder net oer nei,” seit se. “Doe’t ik weromkaam, stie er op my te wachtsjen mei syn manlikheid klear foar gebrûk. Hy begûn om my hinne te rinnen. It wie wol dúdlik wat er woe, de smearlap. It wie in grut bist, dat ik wie wol wat benaud.”Pas doe’t der oare minsken oankamen, spile de kangoeroe fan ruten.

In oare frou fertelt dat se de kangoeroe op in nacht by in drokke dyk tsjinkaam. Se rûn nei him ta om wat aardichs te sizzen. “Ik fûn it nuver dat in kangoeroe op sa’n drok plak kaam, mar ik bin tusken de kangoeroes grut wurden, dat ik gie nei him ta om in praatsje te meitsjen. Ik sei wat tsjin him en doe hearde ik minsken roppen. Ik joech der gjin omtinken oan. Ik gie derfan út dat it in leaf, skattich kangoeroetsje wie.”

Automobilisten seagen lykwols wat de frou blykber net seach: dat de kangoeroe in grutte ereksje hie. Se besochten har te warskôgjen.

In man waard lilk op it ekshibisjonistyske bist en besocht it te ferjeien. Dat moast er bekeapje mei in pear klappen yn it gesicht. Kangoeroes dy’t lilk wurde, kinne nammentlik hurde klappen útdiele.

maaie 18, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.