It bêste stik húsrie
Resint ferskynd
LEIEN – “Sa hat it sitten,” sei it âldwyke en se lime it ear oan ‘e pispot. Frouljushannen binne as skieppebekken: se geane altyd. It bêste stik húsrie is in goed wiif.
Sechjes, siswizen, sprekwurden en útdrukkingen oer froulju, se binne der by de bare bult. De universiteit fan Leien hat se oer de hiele wrâld sammele, yn sa’n 250 talen. Fan ‘e middei om 17.00 oere komme se op ynternet te stean. Se binne te finen op de site http://www.womeninproverbsworldwide.com/ (klik).