Iepenloftspul Pake Sytse
Resint ferskynd
DE FEANHOOP – De Feanhoop spilet yn septimber it iepenloftspul Pake Sytse. It is de toanielbewurking fan Rink van der Velde syn boek mei deselde titel. It stik wurdt spile by it saneamde “skriuwersarkje”, it boatsje dêr’t Rink van der Velde gauris kaam te fiskjen.
Om’t 2010 it Rink van der Veldejier is, stipet de gemeente Smellingerlân it iepenloftspul mei in bedrach fan fyftichtûzen euro. Dat makket it mooglik om der in profesjoneel toanielstik fan te meitsjen, reden foar Van der Velde syn widdo om tastimming te jaan foar de opfiering. Van der Velde wie der sels net sa’n foarstanner fan dat syn boeken op ‘e planken brocht waarden, mei’t er tocht dat knoffelich toanielspul de minsken fuortjeie soe.
De rol fan pake Sytse wurdt spile troch Tryater-akteur Freark Smink. Regisseur is Romke Toering. Toering hat de toanieltekst skreaun yn ‘e mande mei Steven Sterk, inisjatyfnimmer fan it iepenloftspul.
wêr kinne wy kaarten bestelle foar dizze bjusterbaarlike foarstellling g dêr’t wy hiel graach hinne wolle.Aly en Wopkje
Via De Lawei in Drachten:
http://www.lawei.nl/index.php?cat=voorstellingen&code=8764&seizoen_id=6