Halsema of Fryslân

maaie 29, 2010 19:03

By it listlûkersdebat yn Grins waard nochris dúdlik dat Grienlinks ús provinsje ôfskaffe wol. Fan in tûke tinker as Halsema falt my dat slim ôf, mar se hat grif net yn’e rekken, hokker emoasjes dat oproppe sil. Sa soene wy de sa swier befochten lykberjochtiging fan ús taal binnen de provinsje feitlik wer kwyt reitsje. Dat betsjut dat wy ús wer faker op ûnreedlike wize oanpasse moatte.
Dat jout wer in dûk yn ús selsrespekt mei ûnûntkomber in delgong yn sosjale status en dus minder kânsen. En dat rekket ek benammen de gewoane man. Dan geane der aanst wer mear jonge Friezen om utens: binne jo lekker frij fan dy frekte diskriminaasje! Mar wa’t sels net yn sa’n sitewaasje sit, hat dêr gjin aan fan. En de Friezen yn Grienlinks doarre blykber de mûle al net mear iepen te dwaan!
Pyt

maaie 29, 2010 19:03
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Irona Groeneveld maaie 29, 20:11

    Ik bin it folslein mei Paul iens: ik moat ditkear ek omsjen nei in oare partij. Ik sit dan wol foar GL yn de Steaten, mar ik lit my sa net it brea út ‘e mûle stjitte troch Femke.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.