Gjin ramp troch boarsten

maaie 2, 2010 12:00

Der hat fan ‘e wike gjin ierdskok west. Dat bewiist dat boarsten gjin ierdskok teweibringe. Hûnderttûzenen froulju hawwe de ôfrûne dagen nammentlik harren boppe-ein ris flink de romte bean.

Oanlieding wienen útspraken fan de Iraanske moslimgeastlike Hojateslam Kazem Seddighi. Dy hie okkerdeis beweard dat de ierdskokken fan de lêste tiid it gefolch wienen fan froulju dy’t der net kein genôch by rûnen. De ierdskokken soenen teken wêze fan Allah syn lilkens dêrom. Wat in flauwekul, tocht de Amerikaanske studinte Jennifer McCreight. Se rôp op har website op ta Boobquake. Ofrûne wike moasten froulju rûnom op ‘e wrâld mei sa min mooglik tekstyl oan de dyk op gean en de boarsten ris flink bewege litte. De respons wie ûnbidich. Allinnich al fia de website hienen mear as 150 tûzen froulju harren meiwurking tasein.

maaie 2, 2010 12:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.