FC Twente Nederlânsk kampioen

maaie 2, 2010 16:42

BREDA – FC Twente is Nederlânsk fuotbalkampioen. De Tukkers skoarden sneintemiddei yn Breda 2-0 tsjin NAC. Ajax wie raar betommele. De Amsterdammers wienen der nei de 4-0-oerwinning op NEC al fan útgongen dat se winne soenen, der wie sels al in huldiging plend yn Amsterdam.

Nei in goede tweintich minuten krige Csaba Feher in reade kaart om’t er Theo Janssen mei de skonk langút ûnderút reage hie. Janssen krige in frije skop en spile de bal nei Bryan Ruiz (foto). Dy makke it earste Twintske doelpunt.

Benammen yn de earste helte spile Twente sterk en joech it it tsiental fan NAC amper de romte om by it doel te kommen. Yn de twadde helte swakke Twente wat ôf, mar it slagge NAC net om in doelpunt te meitsjen. In kertier foar it einichste fluitsje makke Miroslav Stoch doelpunt nûmer twa.

De plysje hat supporters advisearre om net nei Ynske ta te kommen. It plak is op in manmachtige huldiging net berekkene. De plysje is fierder benaud dat de diken om it Twintske haadplak hinne ticht komme te stean.

maaie 2, 2010 16:42
Skriuw in reaksje

1 opmerking

    Sjoch opmerkingen

    Skriuw in reaksje

    Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
    As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

    This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.