Fakatuere haadredakteur

maaie 15, 2010 11:00

Omrop Fryslân siket no in:

HAADREDAKTEUR


De Omrop hat as kearnwearden fleksibiliteit en kreativiteit. Fan de nije haadredakteur wurdt in fyzje ferwachte op in goed sjoernalistyk produkt op radio, televyzje en nije media. De ambysje om de Omrop de kommende jierren foarop rinne te litten by de rappe feroarings yn de medialwrâld moat as útdaging sjoen wurde. Dêrby sil de haadredakteur ek it mear yntegrearre wurkjen fan redaksjes oanstjoere, lykas it pakken fan nije kânsen troch mear doelmjittichheid yn de wurkwize.


De haadredakteur:

  • Is ferantwurdlik foar alle redaksjonele produksjes op radio en televyzje en de programmearring op ynternet, teletekst en oare platfoarms;
  • Soarget foar in gearhingjend belied yn it oanbod op alle media, taspitst op de synergy tusken radio, televyzje en nije media (ynternet en sosjale media);
  • Is de lieder fan redaksjes en skept betingsten foar de ûntjouwing fan programma-ideeën; de foarmjouwing en de útfiering dêrfan;
  • Jout op stimulearjende wize lieding oan de einredakteuren fan radio en televyzje;
  • Is ferantwurdlik foar it redaksjonele budzjet en it personielsbelied;
  • Draacht as lid by oan de slachkrêft fan it managementteam fan Omrop Fryslân en ferfangt de direkteur by syn ôfwêzigens;
  • Is as boechbyld fan de Omrop netwurker yn ’e regio en dêrbûten;
  • Falt rochtstreeks ûnder de algemien direkteur.


Wy sykje in manager dy’t:

  • In soad sjoernalistike multymediale ûnderfining hat op it mêd fan yntegraal wurkjende redaksjes;
  • De kapasiteit hat om in lange termyn fisy te ûntwikkeljen út in multymediale tinkwize wei;
  • Net allinnich sterk is yn beliedsûntwikkeling mar ek tasjocht op de útfiering;
  • Underfining hat mei it oanstjoeren fan feroaringsprosessen;
  • In sterke persoanlikheid is mei in saaklike oanpak en ien dy’t doart te kiezen;
  • In ynspirearjende coach is dy’t it wichtich fynt om it fakmanskip en de kreativiteit fan de meiwurkers te fergrutsjen;
  • Tagonklik en fleksibel is yn kommunikaasje en dy’t meiwurkers motivearje kin;
  • Affiniteit hat mei Fryslân, wit wat de ‘community’ fan it plattelân ynhâldt;
  • De Fryske taal aktyf behearsket en brûkt, of dy gau praten leare wol.

De fakatuere stiet iepen foar eksterne en ynterne kandidaten. Sy wenje yn Fryslân of binne ree dêr te wenjen. In fertsjintwurdiging fan de redaksjeleden advisearret by de proseduere en ek in assessmint kin diel útmeitsje fan dy proseduere. De arbeidsbetingsten binne basearre op de CAO foar it omroppersoniel.

Foar mear ynformaasje kinne jo kontakt opnimme mei direkteur Jan Koster, till: 058-2997831. Jo sollisitaasje mei CV kinne jo foar 22 maaie 2010 stjoere nei Ype van Kammen, haad P & O, Postbus 7600, 8903 JP te Ljouwert. E-mail kin ek: ype.vankammen@omropfryslan.nl. De petearen sille plakfine yn wike 23 en 24.

maaie 15, 2010 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.