Dêr moatte wy wach foar wêze
Resint ferskynd
Op it stuit binne der twa partijen dy’t de provinsjes gearfoegje of opheffe wolle. Dat binne Grienlinks en D66. It liket derop dat eltsenien noflik achteroer sitten giet omdat dy partijen yn de peilingen lyts binne. De tinzen meie dan fan lytse partijen wêze, mar se kinne troch gruttere partijen oernommen wurde en dêrfoar moatte wy op ús iepenst wêze.
Op 7 en 8 juny is der in gearkomste fan de Feriening fan Nederlânske gemeenten. It bestjoer fan de VNG komt dêr mei in ûntwerpresolúsje om gemeenten op te heffen en ynstee dêrfan in tal grutte regio’s te foarmjen. Lokale saken moatte dan troch wyk- en doarpsrieden dien wurde. It is dúdlik dat yn dat ûntwerp allinne de measte gemeenten gearfoege wurde, mar dat der ek gjin plak mear is foar de provinsje.
De Ried fan de Fryske Beweging is dêrop tsjin en sa’t it him oansjen lit alle politike partijen ek, útsein Grienlinks en D66. De Ried is benijd watfoar mandaat de fertsjintwurdigers fan de gemeenterieden yn Fryslân meikrije. It is te hoopjen dat sy beseffe wat der op it spul stiet en dat sy opdracht krije om tsjin te stimmen.
De Ried freget dan ek alle Fryske riedsleden en bestjoerders om wekker te wêzen en foar Fryslân te stimmen.
Tekenje de petysje op www.foarfryslan.nl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje