By 4 en 5 maaie, eigen skriuwsel

maaie 4, 2010 20:29

65 jier lyn de ein fan wrâldkriich twa,

wat hawwe wy der no fan leard, en wa?

doe de joaden, no de holledoekje-moslima?

Slûpendewei mear kontrôle, it sintralisme fiert wer heechtij

Yn hoefier en hoelang noch binne wy frij?

De ynfrastruktuer foar in totalitêre euro- of wrâldsteat is lein,

parsefrijheid liket grut, mar wurdt telider slein.

Ferplichte ID-kaarten, fingerprinten, kamera’s, fouillearaksjes, DNA,

de plysje grypt mar ta…

Ek rjochters wurde somtiden samar ferfongen

wa folget noch kritysk de juridyske gongen?

Minsken wurd dochs wekker!

Skreaun troch Sybren Posthumus

maaie 4, 2010 20:29
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. K. Koopmans maaie 5, 15:11

    Ik bin it mei jo iens. Yn dizze maatskippij wurde wy reageard troch de angst. Earst de angst yn ússels oerwinne, dan oan oaren sjen litte wat frijheid dy bringe kin, Dêrfoar is it foaral noadich om de angst foar (ek de eigen|) lilkens te akseptearje as in goed middel yn rjochtfeardige hannen. Wês gjin sukkel. Doch wat it hert dy ynjout. Ha betrouwen yn dysels en yn goede minsken.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.