Brún wurde? Yt meloen!
Resint ferskynd
BRISTOL – Der sitte al hiel wat minsken noflik yn ‘e sinne om brún te wurden. Dochs is der in makliker en feiliger manier om in kreas brún kleurke te krijen. It iten fan beskate soarten griente en fruit makket nammentlik ek brún.
Meloen, abrikoazen, pipers, woartels en spinaazje dogge it him. Wa’t dêr in soad fan yt, kriget in sûne brune skôging. Dat seit ûndersiker Ian Stephen fan de universiteit fan Bristol. Hy hat frijwilligers op in dieet fan dat itersguod set. It die yn in moanne tiid fertuten. Sterker noch: frijwilligers hawwe it uterlik fan de proefpersoanen nei fiif dagen dieet ferlike mei dat fan minsken dy’t yn de sinne brún wurden wienen. Se fûnen de kleur fan de griente-en-fruititers helte moaier. Dy hat in goudene gloede, wylst sinnebrún folle donkerder is.
De kleur wurdt opwekt troch in groep fan natuerlike kleurstoffen, de saneamde karotenoïden. Dy binne net allinnich goed foar de kleur, se binne ek goed foar de sûnens, mei’t se skealike stoffen yn it lichem absorbearje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje